10. Utstel ta it nimmen fan tariedingsbesiuten Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 11Utstel ta it wegerjen fan in boufergunning foar it pleatsen fan in serre op Kleef 1-3 yn Akkrum. De hear Janse seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel. Dit betsjut wol dat der ek hanthavene wurde moat. De hear Zijlstra stiet ek oan op in hanthaveningsbelied. Wethâlder Oosterhof seit dat der hanthavene wurde sil. Uteinlik, as de eigener neat docht, sil der bestjoerstwang tapast wurde. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12. Utstel oangeande bouplan dongsilo by Nummer 2 yn Dearsum. De hear Zijlstra is wiis mei it goede bestimmingsplan bûtengebiet dat der is. It hie miskien wol aar- dich west as it riedslid Van der Meulen de oanfreger earder ynljochte hie. De hear Van der Meulen fynt it te fier gean dat hy persoanlik oansprutsen wurdt. Op ferskate by- ienkomsten hat hy de minsken der op wezen fral goed nei de útwreidingspylkjes te sjen. Wethâlder Oosterhof seit dat yndied elkenien foar syn eigen ferantwurdlik is. In riedslid kin dêr net op oansprutsen wurde. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it utstel besletten. 13. Utstel oangeande oanfreegjen boufergunning bedriuweterrein Sibrandabuorren. De hear Janse seit dat syn fraksje graach wolle soe dat dit inisjatyf slagget. As dit oergean soe fan- wegen de regels dy't de provinsje stelt, soe dat in slach foar de streek wêze. Regels binne der om útsûnderingen dêrop ta te stean. Hy soe dêr foar yn 'e pleit gean wolle. De hear Aukes seit dat syn fraksje der ek foar pleite hat it inisjatyf fan de fiif bedriuwen te stypjen. De synergy fan dy fiif bedriuwen moat yn 'e gaten hâlde wurde. Syn fraksje wol graach dat der noch nei de mooglikheden sjoen wurdt. De hear Postma seit dat it altiten dreech is de balâns te finen tusken wurkgelegenheid en in goede lânskiplike ynpassing. De F.N.P. hat yn it ferline wol sein dat grutte fjouwerkante kubussen it oan- sicht fan de doarpen skeine. Syn fraksje hat konstatearre dat der yn in ferlykbere sitewaasje yn in buorgemeente wol in mooglikheid bean wurdt. De fraach is dus: wêrom hjir net en dêr wol. De hear Van der Meulen seit dat it hjir giet om de kar om al as net iepenbiere romte flakby lytse doarpen op te offerjen. Syn fraksje fynt dat bedriuwen dy't nei aard en skaal by de doarpen hearre dêr in plak hâlde moatte en net mear. Yn omlizzende gemeenten wurdt dêr wat frijer mei omgien. Yn Littenseradiel steane flakby moaie doarpen grutte blikken doazen. Eltsenien fynt dat net moai. Yn Boarnsterhim moat it dan ek net dy kant út gean. De minsken sille wol yn de doarpen wenje bliuwe, want wurk en wenjen wurdt hyltiten mear los fan elkoar sjoen. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje alles besocht hat, sawol amtlik as bestjoerlik. Ek it kolleez- je wol de leefberheid befoarderje en yn stân hâlde. It foarbyld dat de hear Postma jout kent hy net, mar dat soe ynhâlde dat der mei presedinten wurke wurdt. It is hielendal net sein dat de oerbliu- wende fjouwer bedriuwen net bouwe kinne soene. Side 6 notulen ried 20-02-2001 /absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 8