Side 7 De hear Postma seit dat hy it foarbyld noch wol neame wol. It giet om mear getallen fan prese- dintwurking. Soe it kolleezje ek yn dit getal in pleidoai dwaan wolle foar dit bedriuw yn Sibranda- buorren. De hear Janse seit dat it syn fraksje fral giet om de leefberheid yn 'e lytse doarpen en dêr heart yn- dustry by. By lytse doarpen mei gjin yndustryterrein op foarrie lizze. Dit is no in unike gelegenheid foar Sibrandabuorren: dêrom freget syn fraksje om in útsûndering te meitsjen. As Huitema net bouwe kin, wurdt it plan te djoer foar de oare bedriuwen. De hear Van der Meulen seit dat as it belied trochfierd wurdt, it hiel dreech wêze sil om in lytsska- lich bedriuweterrein by de doarpen te krijen. Syn fraksje fynt dat yn foarkommende getallen yn it romtlik en wurkgelegenheidsbelied jild frij makke wurde moat om dochs by lytse doarpen bedriuwe- terreinen oanlizze te kinnen. Dêr stiet syn fraksje foar en dat mei dan ek bést in pear sinten kostje. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje it mei de hear Van der Meulen iens is. Der is in fûns foar wurk- gelegenheid. Hy freget oft it noch reëel is dat de oerbliuwende fjouwer bedriuwen it plan trochsette sille. Mocht it problemen opsmite kom dan by de ried werom. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje net meid waan wol oan presedintwurking. Oan in útsûnde- ring soe de provinsje ek net meiwurkje. It wurkgelegenheidsfûns is miskien in mooglikheid. De foarsitter seit dat it útstel basearre is op de op dit momint bekende feiten en omstannichheden. As dy feiten en omstannichheden moarn oars wêze soene dan sil it kolleezje dêr wat mei dwaan. It kolleezje wol de fjouwer oerbliuwende bedriuwen op in knappe manier dêr in plakje jaan. As dat fi- nansjeel net kinne soe, dan komt it kolleezje by de ried werom. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De hear Janse wurdt achte tsjinstimd te hawwen. Stimferklearring: De hear Janse seit dat hy tsjin it wegerjen fan de boufergunning bliuwt. As de provinsje fynt dat dit net kin, dan moat dy mar beslute net in ferklearring fan gjin beswier jaan. De foarsitter seit dat altiten de meiwurking fan 'e provinsje nedich is en dat freget wol om in kom- plementêre hâlding fan provinsje en gemeente en niet in hâiding fan striid. 14. Utstel oangeande bouplan ynstekhaven Sylroedepaad 5 yn Nes. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt neffens it útstel besletten. 15. Utstel ta it fêststellen fan it taryf fan de ûnreplik saakbelesting 2001. De hear Roorda seit dat it werwurdearingstrajekt op soarchfâldige wize plakfûn hat. Syn fraksje freget omtinken foar in goede foarljochting, benammen de mooglikheid fan frijskatting. Hy hopet dat de gemeente wat dit oanbelanget in pro-aktyf belied fiert. Tusken de ferskillende kategorieën hat in ferskowing plakfûn: wenten binne mei gemiddeld 108% yn wearde stegen, net-wenten mei 90%. It is tige wichtich de Onderlinge lestenferdieling sa gelyk mooglik te hélden. Syn fraksje hie dêrom graach sjoen dat der taryfdifferinsjaasje tapast wie. Hy freget, no't it foar 2001 net mear kin, it kolleezje om mei konkrete útstellen foar 2002 te kommen. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje akkoart giet mei dit utstel. Ek sy trunet oan op goede foarljoch ting. notulen ried 20-02-2001 /absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 9