gemeente
BOARNSTERHIM
UTNOEGING
Grou, 11 maaie2001.
Oan 'e riedsleden fan 'e gemeente Boarnsterhim.
Hjirmei noegje ik jimme út foar it bywenjen fan in riedsgearkomste dy't hâlden wurde sil op tiisdei
22 maaie om 20.00 oere yn it riedshûs oan de Stationsweg 1 yn Grou.
De boargemaster fan Boarnsterhim,
Y. Dijkstra.
W U RKLI S T
1Undersyk betrouwensbrieven nij ta te litten riedslid.
1a. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 27 maart, 5 april en 24 april 2001
2. Ynkommen stikken.
3. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar ûnderhâldswurksemheden oan it gemeentehûs
en it riedshûs.
4. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de oanlis fan in berchbesinklieding oan de
Meagere Weide yn Warten.
5. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de ferfanging fan de sintrale ferwarmings-
tsjettel yn Sporthal "De Twine".
6. Utstel ta it wenryp meitsjen fan "Bordego" yn Aldeboarn.
7. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút.
8. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút foar it perseel Hoofdstraat 76 yn Grou.
9. Utstel oangeande frijstellingsfersyk opberchhaven Leechlân 4 yn Grou.
10. Utstel oangeande de oerdracht fan it Iepen Stee yn Warten.
11Utstel ta it ferlienen fan oanfoljend subsydzje oan "De Jister" yn Aldeboarn.
12. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar útwreiding fan de Trije Doarpenskoalle yn
Reduzum.
13. Utstel oangeande delegaasje en mandaat.
14. Utstel oangeande fúzje Stifting Muzykskoalle Boarnsterhim.
utnoeging ried 22 maaie 2001/izsb/1