BOARNSTERHIM gemeente 19 JUNl'2001 N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 22 maaie 2001 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: Ofwêzich: Foarsitter: Siktaris: de froulju K. van den Berg-Wiersma, R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. mefrou J. Bouma-van den Brink (wethâider) Vergadering van de Raad de hear Y. Dijkstra. p- de hear R.P. van der Starre. vaff sDt Z tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan 'e oarder: 1Undersyk betrouwensbrieven nij ta te litten riedslid. Op fersyk fan de foarsitter foarmje de leden Van den Berg, Smittenberg en Wegman de kommisje dy't tegearre mei de gemeentesiktaris de betrouwensbrieven ûndersykje sil. De foarsitter slút dêrta de gearkomste tydiik om 20.03 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 20.18 oere en jout it wurd oan de foarsitter fan de kommisje. De heer Smittenberg seit dat de kommisje de betrouwensbrieven yn 'e oarder befûn hat. De foarsitter konstatearret, neidat hy de ried dêrnei frege hat, dat de hear Van der Sluis talitten wurde kin ta de ried fan de gemeente Boarnsterhim. 1 .a. It fêststellen fan It ferslach fan de gearkomsten fan 27 maart, 5 april en 24 april 2001 It ferslach fan de gearkomste fan 27 maart 2001 Op fersyk fan de hear Zijlstra wurdt op side 8, boppe oan nei de twadde alinea ynfoege: "De hear Zijlstra seit dat hy syn wurden ynlûkt." Dêrnei wurdt it ferslach mei dizze tafoeging fêststeld. It ferslach fan de gearkomste fan 5 april 2001 wurdt net feroare fêststeld. It ferslach fan de gearkomste fan 24 april 2001 Op fersyk fan de hear Janse wurdt op side 3, tredde alinea de sin sa feroare: "De hear Janse wol noch mei klam sizze dat beide partijen de petearen oangien binne en dat bliken die dat der it measte betrouwen wie yn it fierder gean mei twa wethâlders." Dêrnei wurdt it ferslach mei dizze wiziging fierder ûnferoare fêststeld. 2. Ynkommen stikken. NQmer 6: notulen ried 22-05-2001/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 2