De hear Zijlstra seit dat syn fraksje graach yn 'e kommisje op 'e hichte brocht wurdt fan de ôfhan- neling. *Wethâlder Bijlsma seit dit ta. It sil behannele wurde yn 'e kommisje W&R. Nûmer 7: Mefrou Veldstra seit dat har fraksje it iens is mei de ynhâld fan dizze moasje en sy wol dizze wol stypje. Sy soe graach yn 'e kommisje hjiroer noch in kear prate wolle en dêr eventueel ek in budzjet foar fêststelle wolle. De heer Smittenberg deelt deze mening. Wethâlder Bijlsma seit dat as dit yn ús gemeente foarkomt der yn gearwurkung mei bygelyks Vluchtelingenwerk socht wurde sil nei in humane oplossing. *Hy seit ta dat it nochris yn 'e kom misje oan 'e oarder komme sil. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 3. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar ûnderhâldswurksemheden oan it gemeentehûs en it riedshûs. De hear Roorda seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel. Hy freget wannear't der begûn wurdt mei de lift. Oangeande it riedshûs komt op 11 juny de lokaasje A32 yn 'e kommisje. Wat hat dit útstel foar ynfloed op dit riedshûs? De hear Postma seit dat fansels de A32 lokaasje hjir net oan 'e oarder is, al soe hy dêr graach wat oer sizze wolle. It fernuveret syn fraksje dat 2 jier lyn by de maitiidsnota de reserve fan 8 ton foar de renovaasje fan it riedshûs fuorthelle is wylst bekend wie dat der nochal wat achterstallich ûn- derhâld is. No docht bliken dat dat jild wol nedich is. It kolleezje hat tasein de te ferwachtsjen needsaaklike ûnderhâldskosten by de maitiidsnota te belûken. It liket de foarsitter net goed ynhâldlik foarút te rinnen op de diskusje oer de A32 lokaasje. Mei de lift sil sa gau mooglik begûn wurde. De needsaaklike ûnderhâldskosten foar de kommende trije jier sille belutsen wurde by de beslissings foar de kommende perioade. Mevrouw Van den Berg vraagt of de financiële gevolgen in de voorjaarsnota van dit jaar worden opgenomen. De foarsitter seit dat der net tasein is dat dy finansjele gefolgen al yn dizze maitiidsnota te finen wêze sille. Der sil in ynventarisaasje makke wurde en de finansjele gefolgen sille belutsen wurde by de beslissings dy't yn de kommende tiid oer ús oerheidsgebouwen nommen wurde sille. Net alles kin by de maitiidsnota fan 2001 belutsen wurde. It stiet leden fan de ried frij dêrnei te freegjen en ta in posysjebepaling te kommen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 4. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de oanlis fan in berchbesinkiieding oan de Meagere Weide yn Warten. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. 5. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de ferfanging fan de sintrale ferwarmingstsjettei yn Sporthal "De Twine". Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. notulen ried 22-05-2001/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 3