Mefrou Santema seit dat der al faker praat is oer yntegraasje fan pjutteboartersplakken en berne- opfang. Ek heart oansluting by it ûnderwiis ta de opsjes. Dêrom is dizze yntegraasje fan pjutte- boartersplak en berne-opfang in moaie kâns. Mevrouw Van den Berg zegt dat het accommodatiebeleid nog niet is vastgesteld. En misschien stelt de raad wel vast dat de peuterspeelzalen en kinderopvang straks bij de scholen geïntegreerd moeten worden. Wethâlder Bijlsma seit dat der foar it meitsjen fan it akkommodaasjebelied earst in ynventarisaasje plakfynt. It akkommodaasjebelied is noch net yn 'e kommisje west omt de stipe fan ICS ôffoel en omt der in kapasiteitstekoart yn 'e organisaasje wie. By de maitiidsnota sille útstellen dien wurde. De Stichting Kinderopvang giet yn ferskillende projekten wat mear nei de doarpen ta en yn dat ramt besjoen is de yn Aldeboarn ûntstiene gearwurking mei de pjutteboartersseal in goedenien. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar útwreiding fan de Trije Doarpenskoalle yn Redu- zum. Mefrou Santema is bliid dat dizze skoalle sa gau al oanpakt wurde kin. Sy fynt it wol hiel spitich dat it mei Warten noch net sa fier is. Sy hopet dat de ried yn juny in beslissing oer Warten nimme kin. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie met instemming heeft kennisgenomen van dit voorstel. Alle partijen zijn het met elkaar eens en de overschrijding is minder dan 1,5% van het normbudget. Daarnaast garandeert het architectenbureau ook nog dat kostenoverschrijdingen voor zijn rekening komen. Zijn fractie maakt het college een compliment voor deze perfecte oplossing. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie toch een heel ander geluid wil laten horen. De hier ge vonden oplossing is niet gebruikelijk en deze oplossing benauwt haar. Als een architectenbureau wordt ingeschakeld om een voorcalculatie te maken en datzelfde architectenbureau geeft daarna een garantie af dan vindt haar fractie dat een zeer vreemde zaak. Deze werkwijze geniet niet het vertrouwen van haar fractie. Wethâlder Biilsma betanket de hear Jonkers foar syn wurden. Dit is yndied net in gebrûklike wize. Mar fanwegen de snelheid en de fuortgong fan it proses en om in langere, normale proseduere te- foaren te kommen, wêrtroch de ried pas op 28 augustus in beslút nimme kinne soe, is it kolleezje mei dit útstel kommen. It kolleezje is tige bliid mei de garânsje fan de arsjitekt. Mocht it bedrach fan 'e oanbesteging heger útfalle is der ek in garânsje jûn dat der net besunige wurde sil op it Ont werp. De bou fan 'e skoalle yn Warten komt begjin july yn de kommisje. De hear Janse hie wat mear entûsjasme fan it C.D.A. ferwachte. Dit is no typysk in foarbyld fan innovatyf oanbesteegjen. Mevrouw Van den Berg wil maar niet in gaan op de opmerking van de heer Janse. Haar fractie wil graag de aantekening tegen deze werkwijze te zijn. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan it C.D.A. wurdt achte tsjin de hantearre metoade te wêzen. 13. Utstel oangeande delegaasje en mandaat. De hear Aukes seit dat der in wike lyn praten is oer it dualisme yn de ried, dat wierskynklik yn de nije riedsperioade al yngiet. It delegaasjebeslút sil oer twa jier aktualisearre wurde. Hy stelt út ris te besjen oft it net ferstanniger is dat oer in jier te dwaan. Side 4 notulen ried 22-05-2001 /absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 5