it foar de VVD tinkber dat de lokaasje achter it Riedshûs wer oan 'e oarder komt, yn gearhing mei in grûnige renovaasje fan it "âlde" Riedshûs. De sport Grou (de oare doarpen binne efkes net yn byld) winskje jo yn syn gehiel te ferpleatsen nei de A32 dat de Nesserdyk sadwaande frij komt. De VVD tinkt dat troch de ferpleatsing fan de Master Wielsmaskoalle en de Eeltje Halbertsmaskoalle nei de Stasjonswei (âlde MAVO) mar dan nijbou, in grut part fan de romteproblemen fan de sportferieinings oan de Nesserdyk weinommen wurdt. Der kin in fergrutte sportkompleks en miskien seis in folweardich sportpark ûntstean mei as kearn in grien hert fan Grou. Der is yn de kommisje ROFFM sprutsen oer ien ynteraktive oanpak posysje Grou/ fisy wêr mei Grou hinne. Yn jannewaris is der in brief fan in VVD-riedslid stjoerd nei de ried. Ynhâldlik gong it oer fisy wêrhinne mei Boarnsterhim, twifels oer de bestjoersfoarm. Dit brief is fergromme. De achterlizzende gedachte gearwurkjen/ útwikseling mei oare gemeenten en posityf konstruktyf meitinke bygelyks wêrhinne mei Boarnsterhim, neat fan dat alles hawwe jo sa léze wollen. De problematyk run de festiging AZC hat hiel wat tiid opslokt en no't wy it rapport fan profes sor-doctor Vlek lézen hawwe dat de titel meikrige "een oefening in de democratie" is it soer te konstatearjen dat dt rapport neffens ús ek passé soe by de ûntwikkelings rûn de A32-lokaasje en de SMR. It ryk hat jitris de ferdûbeling Wâldwei útsteld, fragen de gemeenten Smellingerlân, Tytsjerkstera- diel en Ljouwert it jild werom dat se yn de N31 stutsen hawwe, as dit juridysk slagget soe dat ek fan tapassing wêze foar it akwadukt, dat net mear yn Boarnsterhim mar dúdlik op it grûngebiet fan Ljouwert komt. Posityf is dat de wurkleazens yn Boarnsterhim daald is. It midden- en lytsbedriuw is fan belang foar Boarnsterhim. No't de provinsje ynset op grutte bedriuweterreinen A7 en Westergoosône is it foar Boarnsterhim wichtich dat wy de bedriuwen yn dizze moaie gemeente hélden hawwe. Wentebou yn de lytse doarpen foar eigen ynwenners, Ontwikkeling yn de doarpen kwa wenjen en wurkjen en in bytsje romte foar de lytse bedriuwen. Boarnsterhim hat 2 miljoen tekoart op Onderwiis. Underwiis is in spearpunt foar de VVD. De VVD-minister hat ekstra jild beskikber yn syn maitiidsnota foar Onderwiis, dêr soe jild foar Boarn sterhim by wêze moatte. De groep 55+ wurdt hyltiten grutter. Dizze 55 ers hawwe ferlet op in oare wize te wenjen, spylje dêr op yn. Fanút Nij Friesmahiem, Onderdiel fan soarchgroep Noorderbreedte, hat de winsk ien boukavel om dêr harren plannen stâl te jaan: âlderenhúsfestonmg mei in sa breed mooglike soarch. Feilichheid op de wegen, mar de dyk troch it Leechlân gjin 60 km mar in fytspaad. De VVd fynt de dyk Poppenwier nei Jirnsum in min foarbyld fan in 60 km dyk. De dyk is dêr smelter makke en no geane de bermen kapot. Ek is de VVD hiel ferûntrêste oer de stelselmjittige oerskriedings fan de budzjetten doarpsfernijing Terherne en de Nieuwe Kade. De VVD is gjin foarstanner fan in stelselmjittige ferheging fan de OZB mei 2% it jier. Lokkich bin ne wy troch it belied fan de ôfrûne trije jier Onder it Fryske gemiddelde sakke. Troch besuniging op de post kommunikaasje troch te fieren is dit ek net nedich. Yn 1999 Leefbaar Boarnsterhim; yn 2000 Levendig Boarnsterhim, yn 2001 Libbendich Boarnsterhim, mar wy libje yn Boarnster him." De foarsitter betanket de ried foar syn réaksjes. Graach wol hy wat sizze oer de saken dy't de ferskate fraksjes oan 'e oarder stelden. As earste it dualisme. It is de wetjouwer earnst mei it du- alisearjen fan de gemeentepolityk. Ien ding is wis: de ferantwurdlikheden fan gemeenteried en kolleezje sille út elkoar helle wurde. It tempo dat de minister oanjout seit dat de gemeentlike rek- kenkeamer der pas yn 2006 komme moat. It duorret dus noch in hiel skoft. Dêrom is it wol goed der goed oer nei te tinken hoe't dizze dualisearing yn Boarnsterhim der út sjen sil. De suggestje fan de P.v.d.A. om in wurkgroep gear te stallen datoangeande is seker de muoite wurdich. Oan- geande it ynbringen fan it gemeentehûs yn de diskusje oer de A32-lokaasje seit hy ta dat fuor- Side 12 notulen ried 18-06-2001 2e versie.doc/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 14