Der moat in sportbelied ûntwikkele wurde, mar dat soe tagelyk hjirmei oplost wurde kinne. Ek mei in sportbelied bliuwe de problemen op de Nesserdyk bestean. Foar safier't hy wit binne der net mear knipepunten, allinne it sportfjild op Akkrum-east. De knipepunten hiene fral mei it hieren en it ûnderhâld te meitsjen. Der sil hooplik per 1 jannewaris 2002 in praktyk foar ferloskunde yn Akkrum komme. In iennichste knipepunt is noch de meiwurking fan de soarchfersekerder. Yntern wurdt der wurke oan it better en mear brûken fan it Frysk. Hopelik docht dat fertuten. It grienûn- derhâld wurdt fersoarge troch 3 teams. It kin fansels altiten better, mar yn Grou is der fanwegen sykte in probleem om alles nei te kommen. De griennota hat yn 'e kommisje ROFFM west. De fi- nansjele romte dy't foar de útfiering dêrfan nedich is is by de maitiidsnota net fûn. De grûn ûnder it kuierpaad by it spoar is net yn eigendom fan de gemeente. Dan de byldspraak fan mefrou Van den Berg. As it goed is hoecht it swurd net ferswiere te wurden om dêr goed mei by de kant lâns te farren. Jo kinne, as jo goed sile kinne, in hiel ein by de kant lâns sûnder dat jo troch de wyn hoege. Op koarte termyn komme de kontûren fan it yntegrale sportbelied yn 'e kommisje oan 'e oarder. De oanfragen foar in ienmalige aktiviteit sosjaal kultureel wurk moatte no elts jier foar 1 maaie binnen wêze. It kolleezje soe dat graach feroarje wolle omt guon subsydjzeoanfragen hast in jier lizzen bliuwe. Mei in lytse feroaring kin dêr wat oan dien wurde. Nei in ynventarisaasje by de frijwilligers die bliken dat men hiel graach woe dat der in aktiviteit foar harren organisearre wurdt. By de nijbou fan de bibleteek is al oanjûn dat dy nijbou ek gefolgen hat foar de eksploi- taasje. As it goed is is der foar de skoallen yn Akkrum net mear jild nedich is. Foar de âlderein- húsfesting is in brede wurkgroep oan it wurk setten is. As der konkrete útstellen binne, sille dy yn de kommisje oan 'e oarder komme. De foarsitter seit dat der trije stikken foldwaande ûndertekene ynbrocht binne, dy't by de beslút- foarming belutsen wurde. Te witten de moasje fan de hear Smittenberg oangeande de hûnebeles- ting, it inisjatyfútstel fan de fraksje fan de P.v.d.A. oangeande de wurkgroep dualisearing en in amendemint fan de fraksje fan de P.v.d.A. It kolleezje moat noch in réaksje jaan op it b.deel fan it amendemint. De twa miljoen dêr't yn it amendemint oer praten wurdt is ek keppele oan de lytse- re eksploitative bydrage oan de sporthal. As dêr mei skood wurdt wurdt der ek mei dekkingsmid delen skood. Dat liket it kolleezje net goed ta. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 15.27 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 15.45 oere foar de twadde termyn. Mefrou Veldstra seit dat sy bliid is dat der nei de simmer mei faasje in kredytoanfraach foar it nije gemeentehûs komme sil. It plak dêr't it gemeentehûs komt is har noch net hielendal bekend. Dat wol sy graach witte. Har fraksje fynt dat der in ûndersyk nei de effekten fan it ôfsluten fan de Bûtlânswei komme moat. Sy wachtet de notysje oer it hûnepoepbelied, dy't nei de simmer komt, óf. Sy wol de moasje fan D66 dêr by belûke. Der moat hoeden omgien wurde mei de ferheging fan de OZB. Sy wol earst net fierder gean dan de 2% yndeksearing. Har fraksje heart graach yn de kommisje wa't de grûneigener fan it kuierpaad is. Sy is benijd nei de aktiviteit dy't foar de frijwilligers organisearre wurde sil. Sy docht de suggestje de wurkgroep âldereinhúsfesting ris yn de kommisje út te noegjen. It inisjatyf fan de fraksje fan de P.v.d.A. om in wurkgroep foar de du alisearing sprekt har fraksje tige oan. Oangeande it amendement sport fan de P.v.d.A. wachtet sy earst it stânpunt fan it kolleezje óf. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie denkt dat als de jaarschijven niet worden bijgesteld er nooit een eerste paal voor het gemeentehuis de grond in zal gaan in 2002. Na de beantwoor ding in de tweede termijn wil haar fractie graag een schorsing. Haar fractie is het niet met de fi nanciering van een aantal zaken eens. Bij voorbeeld het gebruiken van onvoorzien voor lopende zaken. Op pagina 22 staat de aanpassing van de kruising in Warten. Zij denkt dat toch beter moet worden aangegeven waar het geld vandaan komt. Haar fractie vindt dat te gemakeliijk met de vertaling in de begroting van de overschrijdingen voor Nieuwe Kade en Terherne wordt omge- Side 14 notulen ried 18-06-2001 2e versie.doc/absh/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 16