al in beslút oer nommen hat, kommen. It giet dan om de - f250.000,00 foar it swimbad. De óf- sluting fan de Bûtlânswei is basearre op in beliedsnota. Der wurde op dit stuit mjittingen dien yn de doarpen. De ried sil fia de kommisje op 'e hichte brocht wurde fan de resultaten. *Wat de rûnwei yn Warten oanbelanget seit it kolleezje ta by brief mear ynljochtings te jaan. It kolleezje taastet it rjocht fan de ried net oan om te besluten ta it ôfskaffen fan de hûnebelesting. It kol leezje riedt dat lykwols op dit stuit óf fanwegen de finansjele konsekwinsjes foar Onder oaren de OZB. Wethâlder Bouma seit dat der perfoarst net maklik dien wurdt oer de oerskriedings, mar se binne der wol. Oer Terherne is twa kear yn de kommisje praten. De echte ófrekkening sil noch yn 'e kommisje oan 'e oarder komme. De projektadministraasje oangeande de Nieuwe Kade is no safier klear dat ek tuskentiids oersichten útdraaid wurde kinne. Yn de maitiidsnota binne de sifers foar safier't se no bekend binne ferwurke. Flak nei de simmerfakânsje sil it duorsum ekonomysk belied yn 'e kommisje behannele wurde. Aktualisearing fan de TROPnota 1994 sil ek barre moatte. Wethâlder Bijlsma seit dat it kolleezje by de NS freegje sil om omtinken foar it kuierpaad achter it stasjon lâns. It kuierpaad troch it Grouster Bosk sil yn de plannen foar de A32 in rekreative be- stimming krije. De wurkgroep foar de feestlike aktiviteit foar frijwilligers komt jûn foar rt earst by- elkoar. It liket him better om de âldereinwurkgroep earst net te steuren. In sportbelied Ontwikkelje hoecht net te betsjutten dat de Ontwikkeling fan de A32 (ynklusyf de ferpleatsing fan de sport) stopsetten wurde moat. It iis- en atletykbaanterrein wurdt al yntensyf brûkt troch de keats- en fuotbalferiening. Der is al ris yn de kommisje ROFFM praten oer it belûken fan de skets foar it Wilhelminapark yn de Ontwikkelingsfisy foar Grou. Der is in idee om it grienûnderhâld wat op in oare wize te dwaan. Dêr is lykwols jild mei muoit. Fanwegen de hichte fan it bedrach (f. 600.000,00) is dizze winsk net yn de maitiidsnota telâne komme. It amendement fan GB200 Ontriedt hy dêrom. De sport yn Grou wit dat finansjele redenen noch meitsje kinne dat ferpleat sing oergiet. Elk is no wol ree de skouders der Onder te setten. Ferline jier yn maaie is al yn de kommisje WUK wiidweidich praten oer de knipepunten fan de sport op de Nesserdyk en de mooglikheid ta ferpleatsen. Om dy reden wol it kolleezje ek it amendemint fan de P.v.d.A. Ontrie- de. Mevrouw Van den Berg wil graag een schorsing van de vergadering om het aangekondigde amendement te kunnen schrijven. Heeft haar fractie goed begrepen dat door het wegnemen van f 250.000,00 exploitatiekosten zwembad er 2 miljoen is vrijgespeeld voor het gemeentekantoor? Houdt dit dan in dat het zwembad per 1 januari 2002 dicht gaat? De foarsitter seit dat der twa miljoen brûkt wurde sil foar de A32-lokaasje en dan mear yn de rjochting fan de sport dan fan it gemeentekantoar. De konsekwinsjes fan in legere eksploitaasje fan it swimbad (- f 250.000,00) sille dêrby belutsen wurde moatte. It kin net sa wêze dat der gjin swimbad mear wêze soe, as it moast wêze dat de ried beslút it swimbad te sluten. De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 16.47 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 17.00 oere. De hear Van der Meulen seit dat de fraksjes fan C.D.A., V.V.D., Gemeentebelangen 2000 en D66 in moasje yntsjinje. De tekst is sa: "gezien de toezegging van het college aangaande ontwikkeling van een stappenplan voor de rea lisatie van het gemeentekantoor op de locatie A32 het volgende: Verzoekt het college daarnaast te komen met éénzelfde stappenplan voor realisatie van het ge meentehuis achter de locatie Riedhûs aan de Stationsweg". Syn fraksje wie doedestiids gjin foarstanner fan de lokaasje A32 foar it gemeentekantoar. Syn fraksje seach folie mear foardielen fan in gemeentekantoar achter it Riedhûs. De ried hat doe oars Side 17 notulen ried 18-06-2001 2e versie.doc/absh/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 19