Ie: de lokaasje flakby de OSG en de lokaasje achter it Riedhûs. In tal jierren lyn is de hûnebeles- ting opheven. De hear Smittenberg hat gelyk; ûnder de hûnebelesting soe belied lein wurde moat- te. No bart dat en op itselde momint wol de hear Smittenberg de hûnebelesting opheffe. Dat is yn tsjinspraak meielkoar seker tsjin de achtergrûn fan in drege finansjele sitewaasje. As de hûne- belesting no opheven wurde soe sil de OZB 1,9 ferhege wurde moatte. En lânlik wurde de les ten fan de boargers fral besjoen oan de hân fan de OZB. As de kâns der is, sil der by de begrut- ting 2002 noch op weromkommen wurde. Wethâlder Bijlsma seit dat ferline jier yn de kommisje ROFFM de notysje grienbelied oan 'e oarder west hat. Yn dat stik waard praat oer 6 ton. Yn de kommisje is ôfpraten dat dat mooglik meinommen wurde soe yn de maitiidsnota, c.q. de begrutting. No moat konstatearre wurde dat der finansjeel gjin romte foar is. *Hy seit ta dat it grienbelied nochris yn 'e kommisje oan 'e oar der komme sil. De foarsitter befêsticht dat ûnderdiel b. fan it amendement fan de P.v.d.A. ynlutsen is. Büten meidwaan seit hy noch dat as de ried dizze maitiidsnota oannimt der foar it earst in nij beliedsfjild feilichheid ynset is. De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. As earste komt it inisjatyfútstel fan de P.v.d.A. oan 'e oarder oangeande de ynstelling fan in wurkgroep bestjoerlike fernijing. It kolleezje nimt dat inisjatyf oer. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it inisjatyfútstel besletten. Dan is oan 'e oarder it amendement fan de P.v.d.A. oangeande de Ontwikkeling fan de lokaasje A32. Allinne Onderdiel a. is oerbleaun. It kolleezje Ontriedt it amendement. De hear Postma seit dat hy ynstimme kin mei it amendement Onder te betingst dat der oan ta- heakke wurdt dat de struktuerfisy foar Grou dêr by belutsen wurdt. De foarsitter seit dat dit amendemint dan yn earst yn stimming komme sil. De hear Roorda seit dat syn fraksje it oarspronklike amendement ynlûkt ta geunste fan it amen dement Wethâlder Bijlsma freget him óf wêrom de Nesserdyk by de struktuerfisy fan Grou belutsen wur de moat. Dat liket him net ferstannich. As Onderdiel a oernommen wurdt sil der earst sjoen wur de moatte nei alle knipepunten yn de doarpen. Hy foarsjocht dat dan de sport yn Grou op slot komt te sitten. It kolleezje Ontriedt dêrom it amendement Wethâlder Bouma seit dat der in tiidspaad ófpraten is foar de struktuerfisy Grou. Sy freget har óf dit amendemint dêr wol mei kombinearre wurde kin. Dan wurdt der persoanlik stimd oer it amendement Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it amendement mei 11 stimmen foar en 6 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Veldstra, Zijlstra, Janse, B. de Jong, Bijlsma en Bou- Dan komt oan 'e oarder de moasje oangeande de hûnebelesting. De heer B. de Jong zegt dat hij zich wil onthouden van stemming. In principe is hij voor afschaf fing van de hondenbelasting, maar uit loyaliteitsoverwegingen zal hij vóór de stemming de raad zaal verlaten. Side 19 notulen ried 18-06-2001 2e versie.doc/absh/19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 21