De hear B. de Jong ferlit de riedseal. Dan wurdt der persoanlik stimd oer de moasje oangeande de hûnebelesting. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat de moasje ferwurpen is mei 10 stimmen tsjin en 6 foar. Foar stimd hawwe de leden G. de Jong, Jonkers, Van der Meulen, Postma, Smittenberg en Van den Berg. De hear B. De Jong nimt wer plak. Dêrnei komt oan 'e oarder de moasje oangeande it grienûnderhâld. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat de moasje mei 9 stimmen foar en 8 dêrtsjin oan- nommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Roorda, Veldstra, Wegman, Zijlstra, Janse, B. de Jong, Bijlsma en Bouma. Stimferklearrings: Mefrou Veldstra seit dat har fraksje op de wurden fan de wethâlder fertrout dat der yn de kom- misje noch wer oer it grienûnderhâld praten wurde sil. Mefrou Wegman slút har hjir by oan. Dan is oan 'e oarder de moasjes oer de mooglike lokaasjes fan it nije gemeentekantoar. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat dizze moasje oannommen is mei 9 stimmen foar en 8 dêrtsjin. Tsjinstimd hawwe de leden Roorda, Veldstra, Wegman, Zijlstra, Janse, B. de Jong, Bijlsma en Bouma. De hear Jonkers ferlit de gearkomste. De foarsitter freget oft de ried ynstimt mei de maitiidsnota, ynachtnommen de moasjes dy't oan nommen binne. Beslútfoarming/stimferklearrings: Mefrou Santema seit dat har fraksje op it ûnderdiel 6.7 tsjin is omt har fraksje de OZB net fer- heegje wol. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie nog niet de f 50.000,00 wenst vrij te geven voor de sport. Haar fractie is niet akkoord met: de f 15.000,00 voor het sociaal cultureel werk éénmalig, het doen van structurele uitgaven uit de post onvoorzien; het beschikbaar stellen van f 88.000,00 voor de dorpsvernieuwing Nieuwe Kade yn Grou en Terherne, met de aantekening dat er eerst een behandeling in de commissie heeft plaatsgevonden; het beschikbaar stellen van f 25.000,00 voor de bibliotheek. De foarsitter seit dat it feit fan de oerskrieding der leit en dat dêr finansjele konsekwinsjes oan ferbûn wurde moatte. Der sil wol yn 'e riedskommisje oer praten wurde. Mevrouw Van den Berg zegt dat zij daar mee kan instemmen. De heer Smittenberg zegt dat hij gezien het feit dat er veel onderdelen zijn waar hij niet mee kan instemmen, hij niet kan instemmen met de voorjaarsnota. De hear Postma seit dat der in protte belied op priemmen set wurdt sûnder dat de finansiering bekend is. Hy sil net tsjin de maitiidsnota stimme mar by de begruttting sil syn fraksje dêr seker op werom komme. Side 20 notulen ried 18-06-2001 2e versie.doc/absh/20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 22