BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 19 juny 2001 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: Ofwêzich: Foarsitter: Siktaris: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma en L. Veldstra-Lantinga en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. mefrou J.T. Wegman-Koopmans de hear Y. Dijkstra, de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat punt 1(Beëdiging nij riedslid) fan de wurklist óf helle is. Mefrou Wegman is behin- dere de gearkomste by te wenjen. De foarsitter stiet koart stil by it feit dat mefrou Santema op 20 juny 2001 12,5 jier riedslid is. Sy is it langst sittende riedslid oftewol de nestor. Hy oerlanget har in boeket blommen. Dan stelt de foarsitter oan 'e oarder: 2. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 22 maaie 2001. It ferslach wurdt net feroare fêststeld. 3. Ynkommen stikken. Nûmer 4: De hear Janse is bliid dat de gemeente Ooststellingwerf de moasje oangeande de stúdzje Frysk sti- pe hat. Dit is der in moai foarbyld fan dat minderheidstalen elkoar ta stipe wêze kinne. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens is útstel besletten. 4. Oanlis berchbesinkbassin en berchbesinklieding yn Aldeboarn. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 5. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan artikel 21 fan 'e Wet op 'e Romtlike Oar- dering. Dit punt is troch it kolleezje fan 'e wurklist helle. 6. Utstel ta it wegerjen fan in bouplan oan de H.J. Kooistrawei yn Wergea. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 7. Prinsipefersyk foar de bou fan in loads op it perseel Buorren 2A yn Tersoal foar de stalling fan materieel. notulen ried 19-06-2001 .doc/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 24