De hear Van der Meulen seit dat it kolleezje strikt formeel sjoen gelyk hat. Mar dizze formele benei- ering sjit syn doel wat foarby. Wethâlder Bouma seit dat de grutte fan de loads net yn ferhâlding stiet ta de wente. Ik giet lykwols fral om de ôfstân fan de loads ta de wenten tichtby. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 8. Prinsipefersyk foar de oanlis fan in ynstekhaven op it perseel, kadastraal bekend gemeente War- rega, seksje C, nûmer 1722, lein oan it Prinses Margrietkanaal tichtby Warten. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 9. Prinsipefersyk om planologyske meiwurking foar de ferpleatsing fan in agrarysk bedriuw nei it gebied De Greate Mar oan 'e súdkant fan Wergea. De hear Van der Sluis hat in fraach oangeande de arguminten dy't it kolleezje oandraacht. Hy freget hoe't it no krekt sit mei de ófkarring troch de provinsje fan it bestimmingsplan. De heer Smittenberg kan zich vinden in het eerste twee argumenten die het college aanvoert. Hij plaatst echter kanttekeningen bij het derde argument (De verplaatsing van het agrarisch bedrijf is in overeenstemming met het beleid voor het buitengebied), het derde aandachtsstreepje. Het is dus de vraag of de voorgestelde nieuwe locatie voldoet aan de eisen voor toetsing aan de landschappelijke waarden. Het kenmerk van de droogmakerijen van deze omvang in Fryslân is dat er géén boerderij en staan. Hij is er niet van overtuigd dat het onontkoombaar is dat er geen betere locatie zou zijn te vinden. De hear Van der Meulen kin him yn grutte linen oanslute by wat de hear Smittenberg sein hat. Syn fraksje fynt dat it kolleezje net syn uterste bést dien hat om in bettere lokaasje te finen. Dér soe noch better nei sjoen wurde moatte, ek yn it Ijocht fan oare saken sa as de oanfraach foar in tank- stasjon by Reduzum, dêr't nei syn betinken lang sa'n grutte ynbreuk op it lânskip oan 'e oarder is, mar dêr't wol in hiele protte beswier tsjin is. Wethâlder Bouma seit dat de Ried fan Steate in foarbehâld makke hat oangeande it bestimmings plan bûtegebiet. Der moat noch oerlis plakfine mei de provinsje oer dit plan. Yn dit gebiet steane mear pleatsen en it kolleezje fynt in agrarysk bedriuw yn dit gebiet, sa ticht mooglik by de dyk, ab- solút net steurend. It kolleezje stelt leaver net in neier ûndersyk yn. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje gjin beswier tsjin it plak hat. Hy lést in part foar út de provinsjale beskikking fan 1998 dêr't yn stiet dat goedkarring ûnthâlden is. De heer Smittenberg denkt dat voor een proces van bedrijfsverplaatsing ruim de tijd moet worden genomen. Hij heeft het gevoel dat het op dit moment niet noodzakelijk is de locatie aan te wijzen. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje frege hie om in eigendomskaart fan it bedriuw. Dy lei lykwols net op besjen. Hy seit dat yn de Greate Mar gjin bebouwing stiet, mar allinne oan de râne. Dat besjoen soe it logysk wêze dat it nije bedriuw oan de râne fan de Greate Mar komt. Hy hat fre ge oft it bedriuw ek grûn hat oan de râne fan de Greate Mar. De hear Postma seit dat syn fraksje gjin prinsipjele beswieren hat tsjin de ferpleatsing fan dit be driuw. De hiele Ontwikkeling fan Wergea-súd-west soe ris yn syn gehiel besjoen wurde moatte. Hy wachtet mei belangstelling de ynformaasje datoangeande óf. Syn fraksje hat begrip foar de argu minten dy't de hearen Smittenberg en Van der Meulen oanfierden en hy fynt it dêrom sinfol om dit nochris goed te besjen en pas oer twa moannen in beslút te nimmen. Side 2 notulen ried 1 9-06-2001 .doc/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 25