De hear Janse seit, réagearjend op wat de hear Van der Meulen sei, dat in tankstasjon net perfoarst nedich is en dizze bedriuwsferpleatsing wol. Syn fraksje kin ynstimme mei it útstel. De hear Zijlstra seit dat dizze bedriuwsferpleatsing in gefolg is fan it ferlet oan wentebou yn Wer- gea. Der is al hiel wat wurk fersetten. Der binne miskien wol idealere plakken te finen, mar dy kinne net fanwegen oare beswieren. Op dit stuit is dit it meast ideale plak en syn fraksje kin dêr mei yn stimme. As dit beslút net nommen wurdt betsjut dat ek it stopsetten fan de Ontwikkeling fan Wer- gea súd-west. Wethâlder Bouma seit dat sy it stik dêr't de hear Van der Sluis út sitearret net kin. Sy sil dat juri- dysk útsykje litte. De eigendomstekening lei wol op besjen. In oar plak tichterby de dyk dan it no útstelde is net mooglik fanwegen it feit dat dy grûn oan 'e râne fan in oare eigener is. Sy wol tasiz- ze noch ris mei de hear Van der Wal te praten om in oar, mooglik better plakje te besjen. Súdliker kin wol, mar it komt dan dochs yn de Greate Mar te lizzen. De Ontwikkelingen oangeande de On- derhannelingen sil it kolleezje yn septimber yn 'e kommisje bringe. It kolleezje wol it útstel net no weromnimme. De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it útstel mei 10 stimmen foar en 6 dêrtsjin oannom- men is. Tsjinstimd hawwe de leden Postma, Smittenberg, Van den Berg, G. de Jong, Jonkers en Van der Meulen. Stimferklearings: De fraksje fan Gemeentebelangen is tsjin it útstel omt it kolleezje it útstel net weromnimme wol. De fraksje fan it C.D.A. stimt tsjin omt it net mooglik is hjir earst noch wer mei it kolleezje oer te praten. 10. Planologyske meiwurking ferpleatsen Polslootmolen. Mefrou Santema seit dat har fraksje him soargen makket oer de middels dy't de ried beskikber steld hat. De heer Smittenberg is blij dat er nu een uitvoerbare locatie is gevonden. Hij spreekt de hoop uit dat er nog eens een fietsroute naar de overlant gerealiseerd kan worden. Wethâlder Bouma seit dat de fytsrûte mooglik meinommen wurde kin yn it ramt fan de toeristyske Ontwikkeling. Wethâlder Bijlsma seit dat de Molenstichting oant no ta noch gjin berop dien hat op in part fan de 4 x in ton dy't yn de begrutting stiet. De Polsleatmûne is in ryksmonumint en as de proseduere west hat sil de Molenstichting komme mei in oanfraach foar in rykssubsydzje.fan 70 Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 11Grûnruil yn Akkrum. De hear Janse seit dat der neffens syn fraksje gjin reden is om de stikken net by de riedsstikken op besjen te lizzen. Omt syn fraksje net de gelegenheid fûn hat om kennis fan dizze stikken te nimmen sil hy tsjinstimme. Mevrouw Van den Berg vraagt waarom de openbare stukken niet ter inzage liggen. De burgers hebben er recht op. Side 3 notulen ried 19-06-2001 .doc/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 26