Wethâlder Bouma wit wol dat de konsept-oerienkomst by de ôfdieling WWR lei. Foar safier sy wit leine de tekeningen dochs ek allegear by de kommisjestikken op besjen. De foarsitter seit dat de stikken der gewoan wêze moatte; de riedsleden harre dêr net om freegje te hoeven. As it kolleezje in stek falie litten hat dat binne ekskuses op syn plak. Der sil tenei goed om tocht wurde dat alle stikken op besjen lizze. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12. Beskikber stellen fan in tariedingskredyt foar advys, ynventarisaasje en ûnderhanneling oan- geande fabryksterrein yn Akkrum. De hear Aukes seit dat syn fraksje posityf tsjin dit punt oer stiet. Hy soe graach yn betrouwen yn- Ijochte wurde wolle oer de finansjele konsekwinsjes. De foarsitter seit dat de ried fanselssprekkend op 'e hichte brocht wurde sil fan de finansjele kon sekwinsjes. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 13. Kamping Molehiem yn Jirnsum. De heer Smittenberg zegt dat het op zichzelf heel mooi is dat de mensen van de camping nu weten waar zij aan toe zijn. Het is echter wel zorgelijk dat voor een stukje ontwikkeling van een woonge bied de regie uit handen is gegeven. Mefrou Santema is it der mei iens dat der no rêst foar de minsken fan de kamping komt. Sy freget oft de ried beslist oer de f 325.000,00 foar de toeristyske ûntwikkelings. De hear Janse seit dat by it oprjochtsjen fan de kamping de inisjatyfnimmers foar jild by de ynwen- ners fan Jirnsum lâns west hawwe. Mei dat jild en in protte selswurksumens hawwe de f rij willigers de kamping makke ta wat dy no is. Der is gjin sint fan 'e gemeente oan te pas kommen. Yn 1980 hat de gemeente Rauwerderhem besletten de grûn oan de eksploitant te ferkeapjen foar f 10,00 de kante meter. De ferkeap hat de gemeente in boekwinst fan in ton oplevere. No is mei pine yn it hert besletten de kamping te ferkeapjen. Men woe de kamping net ferkeapje oan in rekreaasje- ûndernimmer omt de kamping dêr te lyts foar is. Doe is besletten de kamping te ferkeapjen oan in projektûntwikkeler, dy't tasein hat te besykjen op in oar plak in nije kamping te meitsjen. De ge meente hat it rjocht fan earste keap opeaske en dat rjocht ôfkeapje litten. Juridysk sil dit wol klop- pe, mar moreel net. It hat yn Jirnsum nochal wat argewaasje jûn. Mar lokkich is it kolleezje ta in oar ynsjoch kommen en hat tasein de ynspanningsferplichting en it besteegjen fan it jild yn in oer- ienkomst mei de feriening fêst te lizzen. Ynearsten hie hy in protte muoite mei it útstel, mar no't it kolleezje tasein hat in oerienkomst te meitsjen sil syn fraksje foarstimme. De heer B. de Jong zegt dat zijn fractie, ondanks de aanvankelijke reserves, blij is met het resultaat. Hij denkt dat dit resultaat per saldo beter is dan wat de stichting in eerste instantie voor ogen had. Wethêlder Bouma seit dat dit útstel yndied dúdlikheid en rêst jout. De gemeenteried beslist oer it brûken fan de reserve. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 14. Subsydzjeferoardering Wet inschakeling werkzoekenden (Wiw). Side 4 notulen ried 19-06-2001 .doc/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 27