Mefrou Santema seit dat har fraksje bliid is dat mei troch dit ütstel der wer mear minsken oan it wurk komme. Wethâlder Bouma betanket mefrou Santema foar de freonlike wurden. De hear Janse hat yn 'e kommisje al frege om de subsydzje foar it ûnbetelle wurk óf te bouwen. Meitsje dêr in ütstjerkonstruksje fan. Wethâlder Bouma seit dat der net in oergongsregeling is omt it mar om in pear minsken giet. It be- stjoer fan de kliïnteried koe ek ynstimme mei dit útstel. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De foarsitter jout it wurd oan de hear Van der Starre. De hear Van der Starre jout útlis oer de status fan it stik dêr't de hear Van der Sluis út sitearre by wurklistpunt 10. It giet om in stik dat skreaun is yn de faze foardat Deputearre Steaten in beslis sing nommen hat oer it bestimmingsplan bûtegebiet. De hear Van der Sluis seit dat it net krekt is wat de hear Van der Starre seit. Febrewaris 1998 is it bestimmingsplan Bütengebiet fêststeld. Oktober 1998 komt it beslút fan de provinsje oer itselde bestimmingsplan dêr't ûnder oare goedkarring ûnthâlden wurdt oan wat no as arguminten nei foa- ren brocht wurde (artikel 22, lid 6) Tsjin de óf karring fan de provinsje is de gemeente net yn berop gien by de Ried fan Steate en ek is der nei dy tiid gjin wersjenning fan it bestimmingsplan Bütenge biet west. Gefolch dêrfan is dat de foarneamde arguminten net goed binne en net brûkt wurde meie." De foarsitter slút om 21.20 oere de gearkomste. Hy betanket de leden fan 'e ried foar harren by- drage oan diskusje en beslútfoarming. FHy winsket eltsenien wol thüs. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 28 augustus 2001 (R.P. van der Starre) Side 5 notulen ried 1 9-06-2001 .doc/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 28