BOARNSTERHIM gemeente NOTULEN Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hélden op 18 juny 2001 om 13.30 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, H. Smittenberg en J. Zijlstra. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan 'e oarder: 1 It beëdigjen fan de hear M. van der Sluis ta riedslid fan de gemeente Boarnsterhim. De hear Van der Sluis leit yn hannen fan de foarsitter it ûnthjit by it oannimmen fan 'e betrekking en it ûnthjit fan suvering óf. De foarsitter hjit de hear Van der Sluis wolkom yn de ried fan de gemeente Boarnsterhim en win- sket him in protte sukses. De oanwêzigen krije de gelegenheid de hear Van der Sluis te felisitearjen. 2. Behanneling fan de maitiidsnota 2001. De foarsitter seit dat de folchoarder fan de sprekkers sa is: F.N.P., C.D.A., Gemeentebelangen 2000, D66, P.v.d.A. en V.V.D. Hy jout it wurd oan mefrou Veldstra. Mefrou Veldstra seit: "De ried wurdt spannender? De gemeenteried moat spannender? En dualisme is it toverwurd! Wethâlders binne neffens de plannen, aanst net mear lid fan de ried, sy moatte harren gemeente bestjoere en de ried moat harren kontrolearje. Neffens de minister fan ynlânske saken giet dat better en libbendiger as de wethâlder seis gjin riedslid is. Soe dit werklik sa wêze? Wêrom is poli- tyk Den Haag dan net sa libbendich? Wêrom binne de measte debatten dan sa saai, mei in protte lege stuollen en in handsjefol keamerleden, dy elkoar wat foarlêze en elkoar wat drege en populê- re wurden om de earen smite? Wêr bliuwe de heech oprinnende konflikten (mieningsferskillen) wêrby parlemint en minister lijnrjocht tsjinelkoar oer stean en de kiezers nei it puntsje fan de stoel skowe? Soe it yn de gemeenten aanst oars gean? Grousters kinne net mear thús befalle? Wer in stikje ferskraling fan it plattelân? De F.N.P. fraksje hat net foar neat begjin dit jier in moasje yntsjinne oangeande it net mear thús befallen kinnen, neidat de húsdokters dit besletten hiene. De moasje hat noch al wat losmakke by de ynwenners notulen ried 18-06-2001 2e versie.doc/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 3