12. Utstel ta it reservearjen fan in kredyt foar it ISVprojekt De Wal yn Grou.
De hear Janse seit dat syn fraksje dit in goede saak fynt. It is spitich dat Aldeboarn no wer nei ach
teren skood wurdt. Syn fraksje fynt dat der in ynspanningsferplichting foar Aldeboarn is om de lés
te faze fan 'e wâlkanten oan te pakken en ek oangeande de ferpleatsing fan Knol.
De heer Jonkers zegt dat het heel plezierig dat dit punt versneld op de agenda is gekomen. Hij deelt
de mening dat er voor Aldeboarn een inspanningsverplichting geldt.
Mefrou Santema stút oan by de eardere sprekkers.
Wethâlder Bouma seit dat yn 'e kommisje al posityf reagearre is. Der is in goede oerienkomst kom
men foar it ISVprojekt De Wal. Foar Aldeboarn leit der seker in ynspanningsferplichting.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
13. Utstel ta it oankeapjen fan grûn yn Warten.
nfi hear Van der Sluis seit dat syn fraksje grutte twifels hat oer dit útstel. Binnen it doarp Warten
binne noch ferskillende ynfolplakken, no en op langere termyn, wylst de grûn dy't no oankocht
wurde sil noch oant 2008 lizzen bliuwe moat. Mei de grûnpriis kin hy wol ynstimme, mar as dat
seis jier op rinte setten wurde moat dan wurdt de grûnpriis wol sa'n f 315.000,00 de hektare. Hy
jout it kolleezje in berekkening.
De heer Smittenberg zegt dat de tekst van dit voorstel geen goed Nederlands is. Hij heeft daar al
eerder op gewezen. Het stuk is niet juist en kwalitatief onder de maat. Ook staat er een onjuistheid
in, de kaartjes komen niet met elkaar overeen. Hij betreurt het dat er sinds 13 maart kennelijk nie
mand de kwaliteit van dit voorstel heeft verbeterd. In feite voelt hij zich als raadslid niet serieus ge
nomen.
Wethâlder Bouma betanket de hear Van der Sluis foar de berekkening. By de stikken dy't op besjen
leine siet sa'n selde soart berekkening. De fragen fan de kommisje is oan foldien. Sy makket har
ekskúsjes foar de tekstuele flaters. It wenplan moat noch fêststeld wurde en dér soe bést útkomme
kinne dat der earder yn Warten begûn wurde kinne. De plannen passé wol yn de struktuerskets.
De hear Van der Sluis seit dat guon gegevens fertroulik op besjen leine, dêrom hat hy syn berekke
ning oerlange. Syn fraksje stimt wol yn mei it útstel, mar hat wol inkele kanttekenings, sa as hy yn
earste termyn al sein hat.
De heer Smittenberg zegt dat de kaartjes die bij de commissiestukken ter inzage lagen elkaar niet
dekken. Hij aanvaardt de excuses.
Wethâlder Bouma seit dat der strategyske oerwegings binne om de stikken op dizze wize fertroulik
op besjen te lizzen. Sy begrypt hiel goed wêr't de hear Smittenberg op doelt.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
14. Utstel ta it fêststellen fan it beliedsferslach sosjale saken oer it jier 2000.
Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten.
15. Utstel ta it fêststellen fan in restauraasje-útfieringsprogram 2001-2005.
Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten.
Side 9
notulen ried 28-08-2001 /absh/9