soe soe dat it terjochte ferwyt fan de rjochter opsmite kinne dat it belang fan in partikulier ûnder-
nim'men skea dien is. Oant no ta hat de ried net útsprutsen dat as der in partikulier inisjatyf is (in
ûndernimmer makket of ferkeapet in produkt makket of soksawat), hy witte wol oft der wol maat-
skiplik ferlet fan is. Dat wurdt oerlitten oan it frije spul fan 'e maatskiplike krachten. As de ried fine
soe dat der in ûndersyk by de oanfraach lizze moat, dan kin dat net fan it iene op it oare rnomint
easke wurde om't dat de fertinking wekker meitsje soe dat om t jo eat net wolle, mar dêr gjin
goede arguminten foar hawwe, der in ûndersyk frege wurdt. As de ried dit fersyk ôfwize wol, moat
hy hiel sterke arguminten brûke oars achtet it kolleezje it beslút by de bestjoersrjochter, mar dat is
in sekundêr motyf, net hâldber.
De heer Smittenberg zegt dat het, gezien de procedure, terecht is dat het college dit voorstel aan
de raad voorlegt. Wellicht was het beter geweest dat het college eerst in de commissie het princi
pebesluit had besproken. De commissie vond bijna raadsbreed dat het verzoek moet worden afge
wezen. Toch komt het college met dit voorstel zonder dat daarbij in het voorstel is aangegeven
welke consequenties een eventuele afwijzing zou hebben. Hij meent te weten dat een hoofdlijn van
het bestemmingsplan buitengebied is dat er geen nieuwbouw mag worden gepleegd tenzij er een
maatschappelijke noodzaak is. Naar zijn mening is er geen noodzaak voor een tankstation bij Redu-
zum en derhalve is er geen noodzaak van de hoofdlijn van het bestemmingsplan af te wijken.
De hear Janse seit dat it korrekt is dat it kolleezje dit útstel yn de ried bringt. Hy wiist der op dat yn
it bestimmïngsplan bûtengebiet oanjûn is dat der benzinestasjons realisearre wurde meie op plakken
dy't dêr foar oanjûn binne. De ried hat dat bewust sa steld. Doe al hat de ried dus sein dat dit gjin
qeskikte lokaasje is foar in tankstasjon. De arguminten fan de ried binne frij stevich, benammen de
lânskiplike ynpasberens. Hûs en Hiem hat dat fêst oer de kop sjoen. It kin de master misse. It foech
om in eksploitaasje-oerienkomst goed te karren leit net by de ried. It foech leit by it kolleezje om t
it om in bedrach ûnder de f 100.000,00 giet. Hy hat gjin antwurd krigen op de fraach oft it in goe
de Ontwikkeling is dat in Ondernimmer in bepaald bedrach fan syn omset oan de gemeente betelje
moat. Hy soe dêr graach ris mei de ried oer prate wolle. Syn fraksje fynt dat yn elts gefal betinklik.
Qe hear Van der Meulen seit dat it kolleezje ek wol wat earder oan 'e ried dúdlik meitsje kind hie
hokfoar konsekwinsjes in ôfwikend riedsbeslút hawwe sil. De foarsitter leit sa wol in behoarlike
druk op de ried. It byld dat de foarsitter sketst is net alhiel krekt. It bestimmingsplan bûtengebiet
jout oan dat der op dizze lokaasje gjin plak is foar in tankstasjon. It kolleezje hat dêrmei al in hênfet.
Syn fraksje fynt no dat yn it totale bestimmingsplan bûtengebiet gjin plak mear is foar tankstasjons
om't der gjin needsaak is in tankstasjon yn it bûtengebiet te setten. Foar in útsûndering moatte
hiele swierwaagjende arguminten wêze en dy binne der yn dit gefal net. It argumint dat it yn it be
stimmingsplan net tastien is, is swier genôch. As it kolleezje dit earder by de ried neifrege hie wie
dizze hiele aksje net nedich west. De Ondernimmers hawwe goed hannele troch earst in prinsipebe-
sút te freegjen. As it kolleezje wiis west wie hie it prinsipefersyk earst yn 'e kommisje oan 'e oar-
der kaam.
De hear Postma seit dat wol bliken docht út de beäntwurding dat it kolleezje mei dit fersyk yn 'e
mage sit. Ut de beäntwurding hellet hy dat der wol deeglik in risiko-elemint yn dit útstel sit en dat
de kwaliteit fan de arguminten tige wichtich is. Draachflak sa sei de wethâlder, is tige wichtich: er
hie breder oerlis fierd wurde moatten. Soe it op basis fan dizze diskusje yn de ried om nochris mei
de belutsen partijen om tafel te gean oer de fraach hoe dit probleem op in adekwate wize tackele
wurde kin. Syn fraksje hechtet uteraard oan in goed draachflak. Syn fraksje fynt it tige wichtich dat
der foarsichtich omgien wurdt mei de kwaliteit fan it iepen lânskip. In tankstasjon by Reduzum
taastet it iepen lânskip oan. Boppedat is it bestimmingsplan bûtengebiet helder: it kin net of it
moast wêze dat der in frijstelling ferliend wurdt.
notulen ried 28-08-2001 /absh/5