riedsfraksjes. Hy soe dit dochs yn stimming bringe wolle, fral om't hy grutte problemen op it wolwêzensmêd yn 'e takomst sjocht. Yn 'e notulen fan 'e maitiidsnota blykt hiel goed hoe't syn fraksje tinkt oer de nijbou fan EHS/MWS. As it heal kin moat de nijbou nei foaren helle wurde. Syn fraksje bringt it amendemint yn stimming. Hy is tige bliid mei de stipe fan it kolleezje foar it inisjtatyfútstel oangeande Jongerenidee 2002. Syn fraksje stipet moasje 5 net om't de moasje te fier giet en hy it der net mei iens is. Syn fraksje wol fan moasje 7 net it earste part oangeande de sport stypje, mei it antwurd fan it kolleezje op it twadde part is hy tige ynnommen. De foarsitter seit dat it kolleezje graach riedsbreed mei de aktiviteiten mei en foar de jongerein oan 'e gong wol. Hy is bliid mei de stipe fan it C.D.A. as it giet om de ferheging fan de OZB. Foar de ôffalstoffenheffing is ôfpraat dat dy kostendekkend wêze moat. Om dêr oan te foldwaan is in stiging fan 6 nedich. Oer de eleminten fan dy 6 kin noch wolris yn 'e kommisje praten wurde. It kolleezje hat tasein mei in útstel foar de bibleteek te kommen mei in deugdlike dekking. Trochdat de hear Smittenberg oansluting siket by it C.D.A. jout hy it kolleezje net it foardiel fan 'e twifel sa't hy oars altiten wol docht. As de ried wol dat de Algemiene Reserve dêr foar brûkt wurdt dan moat hy de ried foarhâlde dat de ried 4,2 miljoen as minimum foar de Algemiene Reserve oanjûn hat. It kolleezje wol by de maitiidsnota de kosten fan de gefolgen fan de dualisearing opnimme. Yn 'e maitiidsnota is ófpraat dat de bestimmingsreserve mei 2 wurdearre wurde sil. Nei wat by oanbestegingen en bouprojekten ferkeard gean kin sil yn de geast sa as yn 'e earste termyn oanjûn nei sjoen wurde. Mevrouw Van den Berg zegt dat de Algemene Reserve op 1 januari 2002 4,8 miljoen bedraagt. Wethâlder Bijlsma seit dat it kolleezje de suggestje foar de Fries fan 'e moanne meinimme sil. By de maitiidsnota is tasein dat der oerlis mei de bibleteek oer it meubilêr en sa wêze soe. It kolleezje komt yn desimber mei in útstel. Dat is gjin opset, mar tafal. By de kommisjebehanneling wie it kolleezje noch yn ûnderhanneling mei de bibleteek. De bibleteek wurdt boud mei in bydrage fan f 540.000,00 út de Reserve Wolwêzen. Dy bydrage wurdt troch de BTW-ferrekkening aanst wer weromstoarten. As de ried no de belestingferoarderings en de begrutting goedkart is it ôfskaffen fan de brêgejilden dêryn meinommen. De problemen by de muzykskoale binne noch net sa lang bekend. Pas 1,5 moanne wit it kolleezje fan de finansjele problemen. De nota keunst en kultuer komt op 4 desimber yn de kommisje. De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Hy konstatearret dat stik 1, it inisjatyfútstel fan de P.v.d.A. ferfallen is. Oer de stikken 3, 5, 6 en 7, it earste part sil stimd wurde. Stik 4 is riedsbreed oernommen. It twadde part is riedsbreed oernommen. De hear Roorda seit dat syn fraksje stik 2 ynlûkt sjoen de beantwurding fan it kolleezje en sjoen it feit dat allinne D66 dit amendemint stipet. As earste wurdt der persoanlik stimd oer it amendemint 3. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it amendemint mei 11 stimmen tsjin en 6 dêrfoar ferwurpen is. Foarstimd hawwe de leden Jonkers, Postma, Roorda, Wegman, Zijlstra en B. de Jong. Stimferklearring: De heer Smittenberg zegt dat de intentie hem aanspreekt. Hij vindt dit echter niet het moment hierover te beslissen en stemt daarom tegen. De hear Aukes seit dat syn fraksje tsjinstimt om't hy wol dat de nijbou kombineare wol mei it bouwen op it plak fan de C.Roordaskoalle. Side 10 Notulen ried 13 novimber 2001/bvsm/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 12