De hear Roorda seit dat syn fraksje hiel oars tsjin de flechtelingenproblematyk oer stiet dan de fraksje fan GB 2000 en V.V.D. Syn fraksje kin ynstimme mei it útstel fan it kolleezje. Punt 3 is it wichtichste punt fan it útstel. Syn fraksje fynt it kolleezje-útstel ferstannich en pasjend by in soarchfâldige fuortsetting fan de proseduere. Syn fraksje is fan betinken dat Boarnsterhim grut genôch is foar de opfang fan 400 500 asylsikers. In goed foarsjenningenivo dêrby is tige wichtich. In neier ûndersyk nei de lokaasje Akrum-East en Grou moat dien wurde troch in ûnôfhinklik ekstern buro. Yn it ûndersyk moatte de advizen fan 'e kommisje Vlek meinommen wurde. Ek heart derby dat der sjoen wurdt nei de helberheid fan it keatsfjild. In lytsskaliger opfang past better by de aard en skaal fan de doarpen. Boppedat binne der yn Akkrum en Grou mear foarsjennings as yn de lytse doarpen. Syn fraksje stiet oan op in soarchfâldige ynformaasjerûnte foar de ynwenners fan Grou. Unwis is noch hoe lang de festiging(en) der bliuwe sille. Wurkje der no al oan om dy dúdlikheid te krijen. De takomstige eksploitaasje moat budzjetêr neutraal ferrinne. Fierder liket it syn fraksje in goede saak dat it kolleezje noch yngiet op de fragen fan de SAON oer de lokaasje Akkrum-East. Wethâlder Bijlsma seit dat it kolleezje fynt dat it dochs in doarp fan ridlike grutte, kwa foarsjenningennivo wêze moat dêr't in AZC komme moatte soe. It kolleezje stipet de moasje net. Dat hoecht net as de ried beslute soe sawol yn Grou as yn Akkrum in AZC yn te rjochtsjen foar 250 ynwenners. Der binne noch folie mear fragen dy't yn ûnderhanneling mei it COA besprutsen wurde moatte. Krekt as de fraach oft it AZC yn Akkrum dan noch wol foar 5 jier is. It kolleezje wol it echt by dy 5 jier litte. It soe moai wêze as it ûndersyk foar sawol Akkrum as Grou parallel ferrinne koe. De ynstek foar beide lokaasjes is dochs krekt wat oars, Akkrum is al folie mear ûndersyk nei dien en dêr binne mear gegevens fan bekind. It is net oan ús om in oardiel út te sprekken oer op hokker wize asylsikers hjir kommen binne. Dêr is de IND foar. It prinsipebeslút fan 16 febrewaris 2000 is mei dit útstel net ferfallen. It foarsjenningennivo sil yn de bestjoersoerienkomst mei it COA bepaald wurde moatte. Ek oer it keatsfjild sil helderheid komme moatte. De kommisje Vlek giet der fan út dat de 3,5 ha grut genôch is foar ek in keatsfjild. Hy wit net oft de fragen fan de SAON al beantwurde binne. De foarsitter seit dat it kolleezje de moasje net ferstannich fynt. It kolleezje kin net in beslút werroppe, dat moat de ried seis dwaan. Hy freget de ried fral op haadlinen in beslissing te nimmen. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie concludeert uit het voorstel dat er een onderzoek komt naar de geschiktheid van de locaties. Daarna neemt de raad een volgende stap. Zij raadt het college aan om in ieder geval met de bevolking van Grou te gaan spreken vóórdat er een locatie in Grou is. Haar fractie hecht er aan dat beide AZC's (mocht daartoe besloten worden) niet onafhankelijk van elkaar gestalte krijgen. Dus niet alleen eerst met Akkrum van start. Het is belangrijk dat met het COA onderhandeld wordt over twee AZC's. De heer Jonkers zegt dat het hem steekt dat in de stukken van de afgelopen jaren een kleiner AZC steeds onlosmakelijk werd gebonden aan een termijn van 10 jaar. Hij verbaast zich erover dat er nu gezegd wordt dat het ook wel voor 5 jaar zou kunnen. Hij betwijfelt dat. Als er wel een termijn van 10 jaar geldt, kan de gemeente dan nog van de verplichting af, gezien het eerdere raadsbesluit? De FNP heeft eerder gezegd een AZC van 400 teveel te vinden. Nu komt de fractie daar op terug. Een redenering als zou het voor het draagvlak in Akkrum goed zou zijn dat er ook een AZC in Grou moet komen, vindt hij wel wat simplistisch. Hij schetst het beeld dat als op de ingeslagen weg wordt verdergegaan de gemeente daar spijt van krijgt. De motie wordt aangepast in die zin dat de raad formeel het besluit van 16 februari 2000 moet herroepen alvorens het college van burgemeester en wethouders met nieuwe voorstellen kan komen. Side 13 Notulen ried 13 novimber 2001 /bvsm/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 15