De hear Aukes seit dat it probleem fan de asylsikers net oplost wurdt mei 2 AZC's yn
Boarnsterhim. As dizze minsken, en dat bedoelt hy de immigranten, útprosedearre binne, en dat
is wier in doemscenario, wurdt men yllegaal en sokke minsken hawwe gjin oar perspektyf as de
yllegaliteit.
De heer Smittenberg maakt bezwaar tegen deze opmerkingen van de heer Aukes. Dit onderwerp
is hier volstrekt niet aan de orde.
Mefrou Wegman seit dat it te hoopjen is dat de rollen net in kear omdraaid binne en dat wy op 'e
flecht moatte. Dan soene wy hiel bliid wêze dat de grinzen fan oare lannen net foar ús sluten
wiene.
De foarsitter seit dat hy net yngrepen hat yn de diskusje om't hy fynt dat de opfetting ek fan
minderheden fan de ried nei foaren brocht moatte wurde kinne.
De hear Janse seit dat net ien graach syn lân ferlit. As wy as it rike Fryslân dizze minsken net
opfange kinne, wylst yn Pakistan miljoen minsken telâne kinne, dan skammet hy him.
Mefrou Veldstra seit dat har fraksje tige ynnommen is mei it útstel fan it kolleezje. De ried kin
seis in beslút nimme oer hokfoar bestjoersoerienkomst der sletten wurdt. De FNP hat doedestiids
in moasje yntsjinne foar in asylsikerssintrum fan 250 om de diskusje iepen te brekken.
De heer Smittenberg denkt dat eerst het hele rapport aanvaard moet worden en daarna kan de
raad instemmen met de conclusies. Hij neemt aan dat dat het geval is. Als de heer Aukes meent
sneller een beslissing te kunnen nemen over wie hier wel en wier niet mag blijven moet hij direct
bij de IND gaan solliciteren. Voor zover hij kennis heeft van het wel en wee van
asielzoekerscentra dan heeft men in het algemeen geen spijt. Vaak is er weerstand tegen het
verdwijnen van een asielzoekerscentrum. Op dit moment is nog niet uitgesloten dat de locatie
Akkrum alsnog vervalt. Het is ook niet uitgesloten dat er in Grou geen geschikte locatie wordt
gevonden of dat er een locatie met meer ruimte gevonden wordt. De discussie met het COA zal
nog ten finale gevoerd moeten worden. Het op dit moment herroepen van het eerdere
raadsbesluit is te vroeg. Hij is van mening dat het niet zo zinvol is zonder een locatie een
discussie in Grou aan te gaan.
De hear Van der Meulen seit dat de realiteit is dat net by de grins fan ús lân al in skieding
oanbrocht wurde kin oer wa wol en wa net it lân yn meie. Dat kostet tiid en dêrom is it systeem
sa't it is. Syn fraksje fynt dat der plak wêze moat foar in AZC yn Boarnsterhim. It is sa dat in
AZC foar 400 minsken mei in folslein foarsjenningenniveau, sjoen de druk op de mienskip, faak
nei in tal jierren hielendal akseptearre wurdt. De druk dy't in AZC op de mienskip jout hat it
útgongspunt foar syn fraksje west.
De hear Roorda seit dat de V.V.D. foarby giet oan de minsklike kant fan de saak. It docht ek
ûnrjocht oan dyjingen dy't hjir nei in drege tiid oankommen binne. Flechtsje is gjin fakênsjereis.
Hy hat gjin begryp foar it stânpunt fan de hear Aukes. Dat caravans net passé soene yn ús
gemeente fynt hy ek in ûnsinnige opmerking. Hy freget wannear't de ûndersykresultaten
ferwachte wurde kinne.
Wethâlder Bijlsma seit dat it útstel is om yn Akkrum noch in ûndersyk te dwaan en yn deselde
tiid te sjen nei in geskikte lokaasje yn Grou. Dêrnei sil ek noch mei de befolking fan Grou praten
wurde moatte. As ynkoarten blike mocht dat Akkrum-East definityf geskikt is dan kin der yn de
ried fan desimber in beslút oer nommen wurde. It hat op dit momint gjin doel it prinsipebeslút te
werroppen.
Side 14
Notulen ried 13 novimber 2001 /bvsm/14