Wethâlder Bijlsma seit dat mei de Stichting Vluchtelingenwerk ôfpraten is dat harren taak deselde
bliuwt en de Stichting sil in nij subsydzjefersyk oan de gemeente rjochtsje. De
oerdrachtsbefestiging en de ferslaggen sille yn 'e kommisje oan 'e oarder komme.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
11. Utstel ta it ûngrûndearre ferklearjen fan it beswierskrift fan mr. J.T. Fuller út namme fan de
hear L.J. Brouwer út Sleeuwijk.
Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten.
12. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it oanskaffen fan nij meubilêr foar it
gemeentekantoar.
Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten.
13. Utstel ta evaluaasje fan de basisplanning GRP 1998-2001.
De hear Aukes seit dat syn fraksje de minsken yn tige kwetsber gebiet it selde taryf betelje litte
wollen as de minsken yn it bûtengebiet
Wethâlder Bijlsma seit dat de hear Aukes foarútrint op it nije GRP foar de perioade 2002-2006.
Dat GRP sil op 3 desimber yn 'e kommisje oan 'e oarder komme.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it utstel besletten.
14. Utstel ta it bekrêftigjen kassaasje saak Heideveld.
Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten.
De foarsitter slút om 0.05 oere de gearkomste. Hy betanket de leden fan de ried foar harren
bydrage oan diskusje en beslútfoarming. Alle oaren betanket hy foar de oandacht en it
úthâldingsfermogen. Hy winsket eltsenien wol thús.
Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste
fan 18 desimber 2Ó01
(RrPrvan der Starre)
de siktarjs
de foarsitte
Side 16
Notulen ried 13 novimber 2001/bvsm/16