BOARNSTERHIM gemeente R EDSUTSTEL Kommisjegearkomste Agindapunt Riedsgearkomste Agindapunt Portefúljehâlder Behanneljend amtner 1 5 novimber 2001 2 18 desimber 2001 19 (B-stik) A. Bijlsma P. Engelsma telefoan: 0566 - 629393, e-mail: engelsmap@boarnsterhim.nl Underwerp: Oanbesteging fraachôfhinklik ferfier Advys 1besteegje it handikaptenferfier (Wvg) oan, neffens Europeeske rjochtlinen; 2. nim by de oanbesteging it kollektyf fraachôfhinklik ferfier mei en belûk dêryn it ferfier, sa as dat no noch neffens it projekt dei-yndieling rydt; 3. nim it hoarekaferfier as apart perseel op by de oanbesteging; 4. stim der mei yn dat advysburo I.T.S.út Raalte ús begeliedt yn it oanbestegingstrajekt. Sûnt 1994 binne wy, neffens de Wet voorzieningen gehandicapten (Wvg) ferantwurdlik foar de útfiering fan it handikaptenferfier. Yn 1997 ha we dit ferfier foar it lést oanbestege en, nei in Europeeske oanbestegingsproseduere, gund oan taksy Boekema fan Grou en taksybedriuw Van der Krieke út Aldeboarn. Undertusken hat Van der Krieke syn part fan it Wvg ferfier oerdien oan Boekema. It yn 1997 oangiene kontrakt is, nei trije jier, twa kear 1 jier ferlingd oan 1 april 2002 ta. It einigjen fan it kontrakt is oanlieding dat der no op 'e nij oanbestege wurde moat. Njonken it handikaptenferfier fersoarget Boekema sûnt april 2000 foar ús ek it ferfier neffens it projekt dei-yndieling. Dit projekt betsjut dat hy bern fan hûs hellet en nei de berne-opfang bringt en ferfier fersoarget tusken Wergea/Warten en Grou en tusken Terherne/Aldeboarn en Akkrum. It giet hjir om in foarm fan fraachôfhinklik iepenbier ferfier, dat foar eltsenien brûkber is en mooglik is mei de ynset fan middels fan it projekt "dei-yndieling". Dit projekt stoppet ein 2002. Om it projekt struktureel troch sette te kinnen en mooglik út te wreidzjen nei de oare doarpen yn ús gemeente, soe kollektyf fraachôfhinklik iepenbier ferfier (CVV) ynfierd wurde moatte. Mei sa'n systeem wurdt it ferfieroanbod yn ús plattelânsgemeente gâns ferbettere. Benammen de lytsere doarpen binne mei sa'n systeem better ûntsluten en dêrtroch better leefber. Yn Wergea, Warten, Terherne en Aldeboarn hawwe se dy ûnderfining al. De opset fan CVV is in ferantwurdlikens fan de provinsje. Mei de provinsje is hjir al in skoft oerlis oer. Sy wolle graach in projekt fan CVV yn ús gemeente starte. It opsetten fan CVV yn it lanlike gebiet is in spearpunt yn it provinsjale Ferkear- en Ferfiersplan. Ynlieding: wizige advys oanbesteging fraachôfhinklik ferfier/szpe/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 74