Side 2 De wize wêrop wy it gemeentlike handikaptenferfier útfiere komt oerien mei de opset fan in CVV systeem. It ferfier is fraachôfhinklik, wylst de reizger fan hûs helle wurdt. De iepenbier ferfier reizger wurdt dêrnei faaks by in trein- of busstasjon ôfset, wylst de handikapte reizger nei it plak fan bestimming brocht wurdt. As de provinsje in systeem fan CVV opsette wol yn Boarnsterhim, sille ek de handikapte reizgers dêr foar in part yn mei reizgje kinne. Op dizze wize wurdt CVV oantreklik foar alle partijen: 1foar de Wvg reizger feroaret de kwaliteit en de kosten fan it ferfier net; De no jildende kwaliteitseasken wurde as minimale kwaliteitseasken yn it bestek opnaam; 2. de Wvg taksy wurdt effisjinter brûkt as ek de net handikapte meiride kin, wat foar ús fi- nansjeel foardiel by de oanbesteging jaan kin; 3. de ynwenners fan de lytsere doarpen krije in goed ferfiersoanbod mei it CVV, wat de leef- berhyd fan dy doarpen ferbettert; 4. alle reizgers, ek handikapte reizgers, sille binnen yn it CVV reisgebiet Onbeperkt reizgje kinne; 5. de provinsje krijt in slutend iepenbier ferfiersysteem op it plattelân. De tiidsdruk foar de oanbesteging fan it Wvg ferfier is oanlieding west om de kombinaasje met de provinsje yn earste ynstânsje los te litten. No' t de provinsje oanjûn hat om yn de faasje fan de oanbesteging fan it Wvg ferfier mei te wollen, is der reden om mei it CVV oan de slach te gean. Arguminten: 1.1 It handikaptenferfier moat oanbestege wurde Wy hawwe in kontrakt mei taksybedriuw Boekema oer de útfiering fan it handikaptenferfier yn Os gemeente. Dit kontrakt rint oan 1 april 2002 ta. Sjoen de noch te folgjen proseduere, kin it ferfier net op' e tiid gund wurde. Neffens Os planning kin de oanbestegingsproseduere no maaie 2002 ôfrûne wêze en kin fan 1 july 2002 óf in nij f erf ierskont rakt ófsletten wurde. Juridysk sykje wy út of we oan dat momint ta mei taksy Boekema trochgean kinne. 1.2. It handikaptenferfier wurdt oanbestege neffens de no jildende betingsten. We wolle yn de betingsten fan it Wvg ferfier gjin feroarings oanbringe. Dit betsjut dat minsken mei in Wvg yndikaasje yn elts gefal: - 815 kilometers yn it jier reizgje kinne; tsjin in taryf gelyk oan it iepenbier ferfier; fan doar nei doar ferfierd wurde; reizgje kinne yn de regio Fryslân, Grins, Drinte en de Noardeastepolder 2.1 It Wvg ferfier en it CVV wurde binnen ien perseel yn twa parten oanbestege. De oanbesteging bart yn twa parten. It iene part giet oer it Wvg ferfier, it twadde part oer in CVV ferfier. Foar it earste part binne wy ferantwurdlik, foar it twadde part is de provinsje ferantwurd- lik. Ôfhinklik fan de útkomsten fan de oanbesteging, kin de ried yn maaie 2002 beslute of we mei de provinsje yn see geane en kin de provinsje beslute of men mei ús yn see wol. 2.2 It ferfier neffens beide parten wurdt oan ien f erf ierder gund As jo yn maaie 2002 beslute dat CVV ynfierd wurdt, dan sil dat útfiert wurde troch de selde ûn- dernimmer, dy't ek it Wvg ferfier gund krijt. Ek dêroer sil by it gunningsbeslút ôfstimming op de provinsje wêze moatte. Inkeld as je CVV en Wvg ferfier troch deselde ferfierder fersoargje litte ha je de foardielen, sa as neamt yn de ynlieding. 3. It hoareka ferfier wurdt as ôfsûnderlik perseel by de oanbesteging belutsen Der bestiet by in tal riedsfraksjes, mar ek by de leden fan it Wvg platfoarm ûndúdlikens oer it be- lûken fan it hoarekaferfier by it Wvg ferfier of by it CVV ferfier. We nimme it hoarekaferfier om 19.advys oanbesteging fraachôfhinklik ferfier/szpe/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 75