Side 3 dizze reden dan ek op as ekstra perseel by de oanbesteging. Fan ynskriuwers op it Wvg/CVV fer- fier ferwachtsje we wol dat se ek ynskriuwe op it hoarekaferfier. Wy wolle graach dat ek it hoareka ferfier yn de takomst goed fersoarge is. Wy hawwe ús fer- antwurdlikens op it mêd fan iepenbiere oarder en feiligens. As it hoarekaferfier goed regele is, ferwachtsje wy dat der in goeie bydrage levere wurdt oan dy ferantwurdlikens. 4. We hawwe goeie ûnderfining.mei ITS om ús te begelieden yn it oanbestegingsproses By de oanbesteging fan it learlingenferfier yn 2000 hat ITS ús begelaat. Dit hat ús goed foldien en is oanlieding om har op e nij te freegjen ús yn dit proses te helpen. Omdat de betingsten foar it ferfier dúdlik binne, kin op koarte termyn starten wurde mei de publikaasje fan de oanbeste ging. Kanttekenings: Oan it CVV binne foar ús gjin kosten ferbûn De finansjele ferantwurdlikens foar it ferfier bliuwt dêr' t it thús heart. Foar it ferfier fan de Wvg reizger betelje wy en as in net handikapte reizget, betellet te provinsje Finânsjes: De kosten fan de begelieding by de oanbestegingsproseduere kinne opfongen wurde binnen de begrutting foar it Wvg ferfier. Utfiering: Troch B. en S/ Wvg Kommunikaasje: Mei it Wvg platfoarm en de feriening foar Lytse Doarpen Riedskommisje(s): De riedskommisje hat op 15 novimber praat oer dit Onderwerp. Der bliek ondúdlikens oer it ynfie- ren fan it CVV en de relaasje mei it hoarekaferfier. Dizze ûndúdlikens kaam ek troch de feroarjen- de posysje fan de provinsje yn it proses. Foar Os is de ûndúdlikens oanlieding west om it útstel oars op te setten, neffens de no jildende stân fan saken. Neffens ús slút dit útstel goed oan by de gefoelens fan de kommisje De foarsitter hat konkludearre dat dit Onderwerp as B- stik troch de ried behannele wurde sil. Taheakke: gjin Op besjen lizzende stikken: it konsept bestek Beslút: D konfoarm Otstel D ôfwikend, te witten: Grou, 18 desimber2001 De ried fan 'e gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de foarsitter, (R.P. van der Starre) (Y. Dijkstra) I9.advys oanbesteging fraachôfhinklik ferfier/szpe/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 76