lt kolleezje is it iens mei de gedachte dat der alles oan dien wurde moat om de jongerein nei de stimbus te krijen. It idee fan de P.v.d.A. sprekt oan en it kolleezje sil dat belûke by it útstel dat de kommende twa moannen makke wurde sil. Der wurdt al op in hiel tal fronten gearwurke mei oare gemeenten. It kolleezje soe, as dat kin, op wol mear terreinen duorsum gearwurkje wolle. It kolleezje is yn it ferline en ek no tige kritysk as it giet om de oanbestegingen. It is goed om hyltiten wach te wêzen, dy tasizzing wol it kolleezje graach dwaan. It syktefersom is yn ús gemeente 4,62 en dat is gemiddeld foar alle gemeenten 3 heger. De kultueromslach yn ús amtlike organisaasje hat dat mooglik makke en dat is in komplimint wurdich. Der wurde yndied tefolle nota's skreaun. Mar de ried freget dêr wol om. Op himsels sit dêr wol in paradoks yn. De oerheid kin allinne mar in betroubere partner wêze. As it oars is, is it net goed. Dat wol net sizze dat in oerheid altiten docht wat de boargers wolle. De dualisearing hat ek ta doel de relaasje tusken de gemeente en de boargers fierder oan te heljen. De line dy't it kolleezje yn de belestingen/heffingen delleit is 3 ferheging. Dêr binne útsûnderingen (ôffalstoffenheffing en OZB). De hûnebelesting bliuwt op de 3 sitten. Oangeande de moasje fan ôfkarring fan it C.D.A. merket hy op dat it kolleezje kollegiaal bestjoert. Net allinne de wethâlder is oanspraaklik. Wethâlder Bouma seit dat ek de eigen ynwenners in protte gebrûk meitsje fan de brêgen. De notysje oer de brêgejilden is hiel helder oer wat der yn 2002 dien wurde moat. De réaksje út Aldeboarn wie dat as de brêgen betelle bliuwe wurde moatte, de toeristen in oare rûte dan de Turfrûte kieze en dat wol elts ek net. Ek foar de Hearesylsbrêge is de kar dúdlik. De automatisearing fan 'e fytsbrêgen sil taljochte wurde by de behanneling fan de notysje oer de brêgejilden. De ynkomsten oan stegerjilden binne likernôch 2/3 fan de kosten. Mei de toeristenbelesting derby komme we in hiel ein yn de goede rjochting. Yn it Friese merenprojekt giet it om in tal projekten dêr't de gemeente al jild foar beskikber steld hat. Yn de takomst sil ek noch it nedige barre op it mêd fan fyts- en kuierpaden, dy't ek wichtich binne foar de eigen ynwenners. De kommisje sil op 'e hichte hélden wurde fan it fuortheljen fan de reklameboerden. Wethâlder Bijlsma seit dat yn de maitiidsnota strukturiel jild foar de eksploitaasje fan de bibleteek kommen is. Wat de oare winsken oanbelanget woe it kolleezje noch prate mei de bibleteek om te sjen yn hoefier men dêr seis al jild foar reservearre hie. It hat bliken dien dat de bibleteek gjin jild reservearre hat. Oangeande jild foar ferhuzing en ynventaris hat it kolleezje hjoed besletten om f 159.000,00 beskikber te stellen. Dit koe dus net mear yn 'e begrutting opnommen wurde. Dit útstel komt op 4 desimber yn 'e kommisje oan de oarder en op 18 desimber yn de ried. De moasje fan it C.D.A. ferwûndert him wol om't yn 1999 mefrou Van den Berg al har soargen útspruts oer de te ferwachtsjen mearkosten foar de bibleteek en dat har fraksje by de maitiidsnota tsjin de f 25.000,00 extra bydrage wie. Hy wol de nota brêgejilden foar himsels sprekke litte mei de tasizzing dat de nota ynkoarten yn 'e kommisje behannele wurde sil. Yn de begrutting is in belestingmaatregel oangeande de brêgejilden opnommen en dy kin net healwei it jier weromdraaid wurde. Dus as de ried akkoart giet mei it útstel is dat definityf. By de maitiidsnota is besletten dat de nijbou EHS/MWS yn 2005 wêze sil. It kolleezje hat foldien oan de winsken fan 'e ried by de maitiidsnota. It grienûnderhâld is oannommen by bestek. De planning fan 'e oannimmer kin fanwegen bygelyks it waar net altiten fleksibel wêze, fandêr dat der dizze moanne noch ien kear meand wurde moast. It grienûnderhâld is yn 'e kommisje besprutsen. It útstel wie om yn de maitiidsnota 2002 dizze notysje mei te nimmen. De muzykskoalle sil yn 'e kommisje WUK besprutsen wurde. It kolleezje wol graach mei foldrûgen notysjes nei bûten komme. Salang as dat net it gefal is moat noch wachte wurde. Foar guon notysjes betsjut dat yndied lang wachtsjen. Der sil dochs op ferskate beliedsterreinen belied ûntwikkele wurde moatte om ad hoe besluten tefoaren te kommen. It budzjet foar de sport is yndied ferlege, mar dat komt om't der no werom gien wurde kin ta it reguliere ûnderhâld nei alle operaasjes dy't der west hawwe. Hy bestriidt dat de reserve Wolwêzen allinne mar insidenteel ynsetten is. Foarútrinnend op it akkommodaasjebelied binne der in tal subsydzjes binnen it besteande beleid takind oan bygelyks doarpshuzen en oare akkommodaasjes. Fral is de reserve Wolwêzen brûkt om Side 7 Notulen ried 13 novimber 2001 /bvsm/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 9