De hear Roorda seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel. Oangeande de ferfolchstappen is it miskien kostebesparrend de al beskikbere ynformaasje te aktualisearjen en te brûken. Hy giet der fan út dat de ferfolchstappen earst wol yn de kommisje bepraten wurde. By de taljochting yn it riedsútstel stiet wat oer it Grouster boskje. Dat fynt syn fraksje wat frjemd. It soe ferstannich wêze dat punt noch werom komme te litten yn de kommisje. Ek wol hy graach witte wat de krekte ûndersyksopdracht is. Syn fraksje fynt dat de goedkeapste variant (seis bouwe of hiere) útfierd wurde moat. De bou fan in nij gemeentehûs kin gjin útstel mear ferneare sjoen de site- waasje dêr't it amtlik apparaat no yn wurkje moat. Ek foar de ferbettering fan de gemeentlike tsjinstferliening is in nij gemeentehûs nedich. De foarsitter seit dat ek it kolleezje net fynt dat der perfoarst seis boud wurde moat. Dêr sil as ien fan de earste punten dan ek nei sjoen wurde. It kolleezje hat de yndruk dat der animo fan de merkpartijen is om dêr mei de gemeente oer te praten. It kolleezje seit ta dat der in spesifikaasje fan it tariedingskredyt komme sil en dêr sil yn de kommisje oer praten wurde. It kolleezje hat him rjochte op de gedachte dat de ried sa gau mooglik in beslút nimme wol en dêrom is it útstel net yn de kommisje behannele. De omwenners fan de lokaasje binne ynformearre troch in brief. Der leit yndied al in protte ynformaasje, mar net alle ynformaasje is like brûkber. De ried hat in moas- je oer it Grouster boskje oannommen. It ûndersyk dat nei oanlieding dêrfan hélden wurde moat sil út dit kredyt betelle wurde. Hy stelt út ta beslútfoarming oer te gean. As earste wurdt der persoanlik stimd oer de moasje fan de V.V.D. Nei de stimming docht bliken dat dizze moasje mei 12 stimmen tsjin en 5 dêrfaor ferwurpen is. Foar stimd hawwe de leden Jonkers, Van der Sluis, Postma, Santema en Aukes. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksjes fan de V.V.D. en Gemeentebelangen 2000 wurde achte tsjinstimd te hawwen. 17. Utstel ta it fêststellen fan in beiiedsplan sosjale saken 2002. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 18. Utstel ta it fêststellen fan de notysje ûnderwiishúsfesting yn mearjierreperspektyf. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 19. Utstel oangeande de oanbesteging fan fraachôfhinklik ferfier. Mevrouw Van den Berg dient een motie in mede ondertekend door de fracties van V.V.D., D66 en GB 2000 met de volgende tekst: Volgens artikel 32 van het reglement van orde voor de vergadering van de gemeenteraad van de gemeente Boarnsterhim. Betreft: agendapunt 19 van de agenda voor de raadsvergadering van 18 december 2001Onderwerp: Aanbesteding vraagafhankelijk vervoer. Besluit: De gemeenteraad in vergadering bijeen besluit dat het onderwerp onder agendapunt 19 niet besluitrijp is en derhalve niet kan worden behandeld. Verzoekt het college dit onderwerp opnieuw voor de commissie WOC te agenderen. Reden: In de commissievergadering van 15 november jl. is gebleken dat de gestelde vragen niet beantwoord zijn en antwoorden konden niet worden gegeven. Omduidelijk- heid bestaat over, onder andere, en in willekeurige volgorde en niet volledig: procesgang in ver band met de gunning; financiële gevolgen/verdeling Gemeente/Provincie; raadsbesluit/voorstel komt niet overeen met het aanbestedingsdocument; aanbestedingsdocument geeft geen duide lijkheid over de verantwoordelijkheid van gemeente en de verantwoordelijkheid provin- cie(document met afspraken met provncie). En gaat over tot de orde van de dag. Mefrou Santema seit dat har fraksje de moasje fan it C.D.A. stipet. Side 10 notulen ried 18 desimber 2001/szht/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 13