de akkommodaasjes, wylst der no ek subsydzjes jûn wurde foar kulturiele aktiviteiten. Op dit stuit is it noch sa dat alle basisskoallen yn Boarnsterhim yn stân hâlden wurde kinne nettsjin- steande it feit dat der somtiden te min bern binne. Wat ek meispilet is dat der in ferantwurde kwaliteit op dy skoallen wêze moat. In te lytse skoalle hat fan gefolgen dat de kwaliteit ek te min wurdt. De gemeente hat gjin ynfloed op de medyske soarch. Ek op dat mêd fynt in konsintraasje plak. Dy praktyk kin meitsje dat de gemeente in foarsjenning treft op it mêd fan it CVV. De hear Aukes seit dat syn fraksje hechtet oan it opnimmen fan de oansluting op de S11 yn de Toekomstvisie. Sjoen de grûn dy't der noch leit hoecht der de earste jierren gjin stap oer de A32 makke te wurden. Dat hoecht dus net opnommen te wurden yn de Toekomstvisie. Syn fraksje fynt ek dat de omlizzing fan it P.M.-kanaal út feilichheidsoerwagings net yn de Toekomstvisie setten wurde moat. It opnimmen soe allinne mar ûnrêst opsmite. Op it plak fan de âlde bibleteek is aanst in moai plak foar senioarenwenten. r>fi heer Smittenberg is van mening dat de Toekomstvisie wel door de raad moet worden vastge steld. Met het opnemen van de aansluiting S11 is hij het eens. Wat betreft de omlegging van het P.M.-kanaal wil hij geen onrust zaaien, dus zou dit niet opgenomen moeten worden. Wat over de A32 heen bouwen betreft heeft hij het gevoel dat het college iets anders in de Toekomstvisie ze gt dan dat hij bedoelt. Met de motivering van de passage door de voorzitter kan hij wel instem men. Tenslotte het amendement. Hij ziet graag dat cultuur naast de sport specifiek worden ge noemd in de Toekomstvisie. Hij heeft er geen bezwaar tegen dat het woord "overwegend" wordt toegevoegd in de zin over het accommodatiebeleid. Mevrouw Van den Berg vindt dat als de raad de Toekomstvisie vaststelt hij daar ook tekstueel mee moet kunnen instemmen. De standpunten van de verschillende partijen moeten dan in de Toekomstvisie worden verwoord. De foarsitter seit dat it yn de Toekomstvisie giet om de linen nei de takomst ta. Net elke letter moat op 'e weachskaal lein wurde. It kolleezje stelt út om de tekst fan de Toekomstvisie fêst te stellen yn acht nommen de opmerkingen fan de ried. Der sil in stikje tekst opnommen wurde oangeande kultuer en de oansluting op de S11As de ried de passaazje oer it oer de A32 hinne bouwen te fier gean fynt, sil dat stikje tekst skrast wurde. Datselde jildet ek foar de omlizzing fan it kanaal yn it ramt fan de feilichheid. Wethâlder Biilsma seit dat it kolleezje de tekst fan de hear Smittenberg oernimme wol, útsein de léste sin. Der soe it wurd "oerwaagjend" yn opnommen wurde moatte. De foarsitter slút op fersyk fan mefrou Van den Berg de gearkomste tydlik om 21.20 oere. Hy weriepenet de gearkomste wer op 21.30 oere. Mevrouw Van den Berg hat nei oanlieding fan de tydlike sluting gjin meidielings te dwaan. De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Neidat hy de ried dêr nei frege hat konsta- tearret hy dat de Toekomstvisie Boarnsterhim 2015 sûnder persoanlike stimming fêststeld wurdt mei de folgjende feroaringen: der sil wat opnommen wurde oer "kultuer" en de oansluting op de S11. It tekstfragmint oer it bouwen oer de A32 hinne bliuwt stean. De fraksjes fan de V.V.D., F.N.P. en D66 wurde achte dêr tsjin stimd te hawwen. It tekstfragmint oangeande de feilichheid yn relaasje ta de omlizzing fan it kanaal bliuwt ek stean. De fraksjes fan de V.V.D., Gemeentebe langen 2000 en D66 wurde achte dêr tsjin stimd te hawwen. 6. Utstel oangeande it ynfieren fan de Algemiene Subsydzje-oardering Boarnsterhim 2002. De hear Postma nimt syn plak yn. Side 4 notulen ried 18 desimber 2001/szht/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 7