De hear G. de Jong seit dat syn fraksje graach witte wol wat it kolleezje docht mei it brief fan Pleatslik Belang. Wethâlder Bouma seit dat yn de petearen mei de projektûntwikkeler ôfpraten is dat der in wen- funksje komme kin op it plak fan Super de Boer. Dêr binne brieven oer skreaun. En dat is yn feite de ynspanningsferplichting dy't de gemeente oangiet neidat de romtlike ynfolling soarchfâldich behannele is yn kommisje en ried. Pleatslik Belang makket him soargen oer in lyts stikje grien by it Wilhelminapark. Yn de kommisje ROFFM fan septimber is al oer de struktuerskets fan Grou pra ten. It is lestich dat guon parten fan dit plan yn ferskate kommisjes oan 'e oarder komme. Wat it Wilhelminapark oanbelanget kin der net útgien wurde fan in blanko kaart; der binne meardere par tijen mei belangen en eigendommen. It brief fan Pleatslik Belang sil ek sa beantwurde wurde. Op it grien achter Super de Boer is as hurde betingst opnommen dat dêr 50 parkearplakken komme. De hear Aukes seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel as der foldien wurdt oan de romtli ke ynfolling sa't dy foarstien wurdt. Der sil in soarchfâldige behanneling fan de plannen mei de omwenners plakfine moatte. Hy hopet dat de ferpleatsing fan Kooiker aanst sa gau as mooglik oan 'e oarder wêze sil. De hear Janse seit dat syn fraksje problemen hat mei it feit dat as de oerienkomst tekene wurdt de gemeente him fêstleit. Der kin dan net mear frij praten wurde oer de ynfolling fan it terrein fan Super de Boer. Dêrom kin syn fraksje net ynstimme mei it útstel. De heer Smittenberg zegt dat de raad met deze overeenkomst niet de WRO buiten werking stelt. Er wordt enkel een principebesluit tot woningbouw op de locatie Super de Boer genomen. In de stedenbouwkundige vormgeving zit dus de discussieruimte. Hij kan instemmen met het voorstel. Wethâlder Bouma seit dat der yn it ramt fan de WRO noch op de plannen weromkommen wurdt. As earste komt der in foarûntwerp bestimmingsplan. Al in earder oerlis yn de kommisje ROFFM is der praten oer de takomstige Ontwikkeling fan Grou. Oan de hân dêrfan is besjoen oft dizze ynfol ling dêr ynpast. Oan Pleatslik Belang sil dúdlik makke wurde moatte dat de lokaasje Super de Boer ien fan de mooglike lokaasjes foar senioarenwenten is. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan de F.N.P. wurdt achte tsjinstimd te hawwen. 10. Utstel ta it wegerjen fan it bouplan ta it bouwen fan in wente op it perseel Burd 13 yn Grou. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 11Utstel oangeande it fersyk ta it wizigjen fan de bestimming fan it perseel Utbuorren 46 en 47 yn Terherne. De hear Ziilstra seit dat syn fraksje sjoen de tasizzing en de taljochting yn 'e riedskommisje ak- koart giet mei it útstel. De hear Janse seit dat by dit fersyk om wiziging fan de bestimming ek de opfeart belutsen is. Dit sil moatte fia in artikel 19 proseduere WRO. Eins is dit net yn oerienstimming meit it belied fan de ried sa as dat yn it bestimmingsplan bûtegebiet stiet. Syn fraksje kin him wol fine yn in lytse út- wreiding bûten it hiem, mar dan moatte net yn de hiele feart boaten dellein wurde mar oer in be- heind part oant it perseel 20-41. Dat part soe hy graach fan wolle dat dat oanjûn wurdt. Ek wol hy de mooglikheid iepenlitte in ynstekhaventsje te meitsen tsjin it perseel 20-41 oer. Side 6 notulen ried 18 desimber 2001 /szht/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 9