mei mear ienriedigens in beslút nimme kin. It kolleezje tinkt dat it amendemint fan it CDA ek gjin oplossing is. De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. As earste sil der stimd wurde oer it amendemint fan it CDA, dan oer de moasje fan VVD/Gemeentebelangen 2000 en as léste oer it kolleezjeútstel. Nei de persoanlike stimming oer it amendemint fan it CDA docht bliken dat it fersmiten is mei 10 stimmen tsjin en 6 foar. Foarstimd hawwe de leden Santema, Aukes, Van den Berg, G. de Jong, Van der Meulen en Van der Sluis. Stimferklearring: De hear Postma seit dat dit in amendemint op it folsleine kolleezjeútstel is. Syn fraksje is net tsjin de bedoeling fan it CDA mar om't it ûnderdiel útmakket fan it totale útstel is hy tsjin. Dan wurdt der persoanlik stimd oer de moasje fan VVD/Gemeentebelangen 2000. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat de moasje mei 11 stimmen tsjin en 5 foar fersmiten is. Foarstimd hawwe de leden Postma, Santema, Aukes, Jonkers en Van der Sluis. Stimferklearring: De hear Roorda seit dat syn fraksje tsjin de moasje is om't hy de proseduere sa't Vlek dy oanjûn folslein folgje wol. As léste wurdt der stimd oer it oanpaste kolleezjeútstel mei ynachtname fan de betingsten sa't dy yn it amendemint fan de PvdA oanjûn binne en it saneamde "dûbelbeslút". Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it kolleezjeútstel mei 11 stimmen foar en 5 tsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Postma, Santema, Aukes, Jonkers en Van der Sluis. Stimferklearring: Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie het betreurt dat het zo gaat. Haar fractie wil geen politieke stunt uithalen door nu tegen het collegevoorstel te stemmen omdat dan de stemmen staken. Haar fractie zal daarom voor stemmen. De hear Janse stelt it tige op priis wat it CDA no dien hat. Mevrouw Van den Berg zegt totaal geen behoefte te hebben aan dit compliment. 21. Utstel om yn te stimmen mei de útstellen fan de wurkgroep bestjoerlike fernijing Boarnster- De heer Jonkers zegt dat er in de werkgroep niet is gesproken over het budget. Dit budget komt zijn fractie wel heel erg hoog voor. Met name de kosten voor de griffier en die voor de geluidsin stallatie. De foarsitter seit dat de kommisje der om praktyske redenen foar keazen hat de funksje fan grif fier it earste jier te kombinearjen mei dy fan de gemeentesiktaris. Oan de funksje fan de gemeen- tesiktaris sitte bepaalde leankosten fêst. Dit earste jier sil echt as in oergongsjier brûkt wurde. It slepen mei de hjoeddeistige lûdsynstallaasje is beslist net in goede saak. Dêrom sil der no in nije triedleaze ynstallaasje oanskaft wurde. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Side 14 notulen ried 19-02-2002/szab/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 19