BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 19 febrewaris 2002 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma en L. Veldstra-Lantinga en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, H.G. Postma, J. Roorda, M. van der Sluis, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Ofwezich: mefrou J.T. Wegman-Koopmans. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat me frou Wegman behindere is. Der is in inisjatyf-útstel fan it C.D.A. ynkommen, dat oan de ein fan de wurklist behannele wurde sil. Der is in moasje fan VVD/Gemeentebelangen 2000 dy't by wurklistpunt 20 behannele wurde sil en in moasje fan de VVD dy't behannele wurde sil by punt 24. Dan binne der fersiken ynkaam om de punten 17, 18 en 21 fan de A-list nei de B-list te sko- wen. As léste merket hy op dat punt 7 in B-stik is en gjin A-stik sa as op de wurklist stiet. De foarsitter stelt dan oan 'e oarder: 1It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 15 jannewaris 2002. It ferslach wurdt konform fêststeld. 2. Ynkommen stikken. Nûmer 4: De hear Aukes wol dit stik graach yn de kommisje behannelje. De heer Jonkers heeft hetzelfde verzoek. *Wethâlder Bouma seit dit ta. Nûmer 6: De hear Roorda seit dat syn fraksje de ynhâld fan de moasje tige werkenber fynt. Hy freget om yn gearwurking mei de VFG te réagearjen. Hy wol graach fia de kommisje fernimme wat it kol- leezje dien hat. *De foarsitter seit dat de kommisje Algemiene Saken ynformearre wurde sil. Nûmer 7: De heer B. de Jong wil dit stuk graag in de commissie behandelen. *Wethâlder Bijlsma seit dit ta. notulen ried 19-02-2002/szab/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 5