Nûmer 8: Mefrou Veldstra soe graach wolle dat de portefúljehâlder mei de direkteur fan Leppehiem yn kon- takt tredet. De hear Roorda seit dat syn fraksje him by dizze fraach oanslút. *Wethâlder Bouma seit ta dat sy prate sil mei de direkteur fan Leppehiem. Nûmer 9: De hear Postma seit dat yn dit fersyk eins twa eleminten sitte. It kin noch wat argewaasje jaan dat der mooglik yn it ferline ûnrjochtmjittige besluten nommen binne troch it stichtingsbestjoer. No't it folsleine bestjoer opstapt, moat der sa gau mooglik foar kontinufteit yn it bestjoer soarge wurde. Dat soe sa gau mooglik fia de kommisje yn de ried komme moatte. Wethâlder Bouma seit dat yn de kommisje fan 5 maart it riedsútstel om nije bestjoersleden te be neamen behannele wurde sil. Oer it desjarzje ferlienen is oerlis west mei de ponghâlder. Hooplik is der 5 maart in antwurd foar hannen. Mei ynachtnimmen fan de tasizzings wurdt der fierder neffens it útstel besletten. 3. Utstel ta it fêststellen fan de nije "regelen en aanwijzingen ingevolge het Besluit wegslepen voertuigen" Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. 4. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan softwarepakketten. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 5. Utstel ta it fêststellen fan it treasurystatuur gemeente Boarnsterhim. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 6. Utstel oangeande it bestimmingsplan Staandemast-route. De hear Zijlstra freget oft de wethâlder al in besite brocht hat oan de famylje Santema. Wat is der út it petear kommen?As it probleem net út de wei is is it dan mooglik it bestimmingsplan wol fêst te stellen mei in oantekening dat dizze kwestje noch neier útsocht wurde sil? De hear Aukes seit dat de fuortgong fan de Staandemast-route fêstheakke sit oan de ferdûbeling fan de Wâldwei. En dy sil wierskynlik net foar 2005 klear komme. It akwadukt yn it Langdeel is dan ek net klear dus de Staandemast-route ek net. De beswieren fan de hear Santema, de hear Van den Akker, de hear De Wolf en Van Leeuwen binne net honorearre. Salang at der gjin befre- digjende oplossing is foar dizze beswieren kin syn fraksje net ynstimme mei it útstel. Ek it punt fan de wenarken belûkt syn fraksje by syn stânpunt. De heer Smittenberg zegt dat er in de commissie een onbevredigend antwoord is gegeven op de vraag over de omlegging van de Foudering. Voor het overige lijkt hem het voorstel beslisrijp. Hij wacht de beantwoording van het college af. Mocht een duidelijke reden voor de omlegging niet kunnen worden gegeven dan zal hij een amendement indienen om het bezwaar van de heer San tema gegrond te verklaren. De hear Postma seit dat syn fraksje it iens is mei de foarige sprekkers oer de kwestje rûn it plak fan de brêge oer de Foudering. Miskien kin de wethâlder noch yngean op de sitewaasje dat der nei it beslút fan de ried yn 1998 der yn 1999 in erratum tafoege is troch Arcadis. Dat hat der ta laad dat der in nij plak foar de brêge kommen is. Dêr tekenet de hear Santema beswier tsjin oan. Side 2 notulen ried 19-02-2002/szab/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 6