De hear Janse seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel, mar mei útsûndering fan it net grûndearre ferklearjen fan it beswier fan de famylje Santema. Wethâlder Bouma seit dat der yngeand oerlis mei de provinsje west hat oer de fuortgong fan de ferdûbeling fan de Wâldwei. Sy hat dêr oandrongen op it feit dat it akwadukt in wichtich ûnder- diel is fan de Staandemast-route. Yn de réaksjenota is goed yngien op de beswieren. Sy hat mei in meiwurker fan de provinsje by de famylje Santema op besite west. De grutste soarch is dat der hast stilsteand wetter komme sil. Dat is in technyske kwestje dêr't as oplossing foar fûn is dat der in grutte dûker oanlein wurde sil wêrtroch it wetter streamen bliuwe sil. It kolleezje tinkt dat sa goed oan it beswier temjitte kommen is. Der hie oardel jier ferlyn al better mei de famylje Santema praten wurde moatte. It kolleezje ûntriedt de ried it beswier grûndearre te ferklearjen. De foarsitter seit dat it beswier him fral rjochte op it stilsteande wetter. Dat wurdt no op in goe de wize oanpakt troch de oanlizzing fan in hiele grutte dûker. De hear Aukes seit dat de hear Santema pas beswier makke hat doe't de sitewaasje feroare is. Syn fraksje bliuwt by syn stânpunt. Dan is it ek sa dat de hear Van den Akker nea in antwurd krigen hat. De heer Smittenberg zegt dat het er voor het omleggen van een historische waterloop als de Foudering wel een gegronde reden moet zijn. Het ontgaat hem waarom er naast de klassieke rou te, waar nu een grote duiker in komt, er ook nog een andere doorsteek gemaakt moet worden. De beantwoording van het college is onvoldoende overtuigend. Daarom handhaaft hij zijn amen dement. De foarsitter seit dat it amendement foarsjoen is fan trije hantekeningen en it makket dêrmei On derwerp út fan it petear. De tekst is sa: "Aan het besluit deel 2 (reactienota) toevoegen: met uit zondering van bezwaar nr 14. Dit bezwaar wordt gegrond verklaard, hetgeen leidt tot wijziging van de plankaart conform het ontwerp d.d. januari 1999". Toelichting: Tegen de oorspronkelijke versie d.d. januari 1999 zijn geen bezwaren ingediend. Redenen voor de latere wijziging worden niet gegeven. Er zijn dan ook geen redenen om niet voor de door reclamant voorgestelde oplos sing te kiezen. Het amendement is mede ondertekend door de fractie van Gemeentebelangen 2000. De hear Van der Meulen seit dat dizze proseduere gjin skientmepriis fertsjinnet. Alles pleitet der foar it oarspronklike bestimmingsplan net te wizigjen salang as der gjin bettere arguminten jûn wurde. De hear Janse kin neat út de argumintaasje fan it kolleezje helje wêrom dit beswier fan de famyl je Santema ûngrûndearre ferklearre wurde moat. Hy stipet it amendemint fan de hear Smittenberg. De hear Zijlstra seit ek dat syn fraksje it amendemint fan de hear Smittenberg stipet. Wethâlder Bouma seit dat yn maaie 1999 de earste tekeningen komme binne en dêr hat de fa mylje Santema gjin beswier tsjin makke. Nei de ynspraak is der oerlis west mei de beswiermak- kers en spitigemóch net mei de famylje Santema. Doe't bliken die dat it bestimmingsplan oanpast wie hat de famylje Santema in sjochwize yntsjinne. Op grûn dêrfan is de réaksjenota skreaun. It kolleezje ûntriedt de ried om it beswierskrift grûndearre te ferklearjen. De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Earst sil der in beslút falie oer it amendemint fan de hear Smittenberg. Side 3 notulen ried 19-02-2002/szab/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 7