Mefrou Santema ferlit de riedseal fanwegen har familiêre belutsenheid by dit Onderwerp. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it amendemint mei 13 stimmen foar en 2 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Bouma en Bijlsma. Mefrou Santema nimt har plak wer yn. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it kolleezjeútstel, ynklusyf de tekst fan it amendement, besletten. De fraksje fan de V.V.D. wurdt achte tsjin it kolleezjeútstel stimd te hawwen. Mefrou Santema hat har stim útbrocht oer it kolleezjeútstel, mei útsûndering fan de tekst fan it amendement. 7. Utstel oangeande it fêststellen fan it mearjierrenprogram bestimmingsplannen. De hear Postma seit dat syn fraksje it ferbazingwekkend fynt dat it net heljen fan doelstellings net earder sinjalearre is. Dat soe yn de takomst wol rapportearre wurde moatte oan de gemeen- teried fia it jierferslach. Hy giet der foar yn de pleit dat it ynheljen gauer plakfynt. De perioade soe mei 2 oant 4 jier ferkoarte wurde moatte. Der soe ek in oar ekstern buro ynskeakele wurde kinne om dat mooglik te meitsjen. De hear Van der Meulen is it iens mei de hear Postma. Hy fynt dit tiysk in Onderwerp foar de kommende kolleezje-Onderhannelingen. De hear Janse seit dat syn fraksje dit in tige ambisjeus plan fynt. Hy is dêr tige mei ynnommen. Wethâlder Bouma seit dat der offertes oanfrege wurde sille by meardere buro's. Ekstern Otsette hat lykwols grutte ynfloed op de ynterne kapasiteit en dêr leit it knipepunt wêrtroch der net flug ger ynhelle wurde kin. Nettsjinsteande dit fynt it kolleezje dat der mei dit plan in hiele grutte slach slein wurdt. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje tige wiis is mei dit mearjierrenprogramma. Hy fynt lykwols dat it mooglik wêze moat yn te spyljen op inisjativen út de doarpen wei. De hear Postma seit dat syn fraksje it net ambisjeus mar normaal fynt dat in kolleezje de saken op oarder hat. Hy kin wol meigean mei de suggestje fan it CDA om in flugger oanpakken yn te bringen yn de kolleezje-Onderhannelingen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 8. Utstel ta it nimmen fan in tariedingsbeslút op grûn fan kêst 21 fan de Wet op de Romtelike Oardening. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 9. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen oan de bou fan in wente oan de Bûtenstreek yn Warten. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 10. Utstel om yn prinsipe gjin meiwurking te ferlienen oan de bou fan in twadde wente op it per- seel Buorren 19 te Reduzum. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 11Utstel om yn prinsipe gjin meiwurking te ferlienen oan de bou fan in wente en bedriuwshal op in perseel oan it Hôflân yn Grou. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. Side 4 notulen ried 19-02-2002/szab/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 8