Side 5 12. Fersyk om planskea ta te kennen oan de hear Jansen yn Aldeboarn. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 13. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ferfangen fan de motoren fan de pont. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 14. Utstel om gjin subsydzje ta te kennen oan de feriening "Camping Molehiem". Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 15. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen oan de bou fan in bedriuwswente oan de Tsjaerderdyk yn Idaerd. De hear Van der Sluis freget wêr't de te ferwachtsjen skeaclaims út bestean. Wethâlder Bouma seit dat in tal jierren ferlyn it spul yn de ferkeap west is. Yn dat ramt is alle kearen dúdlik sein dat dêr gjin wentebou plakfine kin. Op grûn dêrfan binne in tal bedriuwen ôf- heakke. Om gjin skeaclaims te krijen fan eardere gadingmakkers wurdt ek no gjin meiwurking fer- liend oan dizze oanfraach. De hear Van der Meulen seit dat der dochs yn it ferline sein is dat der gjin wente boud wurde kin, mar dan wol op betingst fan goedkarring troch de gemeenteried. Jildet dat ek net hjir? Hy is be nijd nei de juridyske aspekten fan dit punt. De hear Postma hat deselde miening as de hear Van der Meulen. Jo kinne je foarstelle dat wêr't it kombinearjen fan wenjen en wurkjen propagearre wurdt (sjoch de UTD-lokaasje, bedriuweter- reinen Biensma en Frisia) ek oan dit fersyk temjitte kommen wurde moat. Syn fraksje hat gjin be swier tsjin dizze oanfraach en sil dêrom tsjin it kolleezje-útstel stimme. De hear Janse seit dat syn fraksje fêsthâlde wol oan it bestimmingsplan bûtenbegiet yn kombi- naasje mei it ferline dat yn dizze saak spilet. Dêrom stimt syn fraksje yn mei it útstel fan it kol- leezje. Wethâlder Bouma seit dat it yn it foarste plak giet om de planologyske toetsing en dêrnjonken spilet de wize wêrop de ferkeap ferrûn is. It wichtichste is lykwols de planologyske toetsing. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan Gemeente belangen 2000 wurdt achte tsjinstimd te hawwen. 16. Utstel om yn te stimmen mei de nota handikapten- en senioarebelied Boarnsterhim. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 17. Utstel om de nota keunst- en kultuerbelied fêst te stellen. Mevrouw Van den Berg zegt dat het hier gaat om nieuw beleid. Nu de afgelopen weken blijkt dat de rek uit onze financiële positie is wil haar fractie voorstellen dit stukje nieuw beleid in zijn ge heel bij de voorjaarsnota te betrekken. Haar fractie zal tegen dit voorstel stemmen. Wethâlder Bijlsma seit dat der yn it útstel opnommen is wat it maksimale bedrach is fan it fûns. Spitich dat it CDA dit lûd hearre lit om't krekt mei dit ienmalige bedrach fan f 47.500,00 der in begjin makke wurde kin mei dit stikje belied. It kolleezje hopet dat der by de maitiidsnota fierder hannen en fuotten oan dit belied jûn wurde kin. notulen ried 19-02-2002/szab/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 9