De hear De Jong seit dat syn fraksje net sa gelokkich is mei dizze konstruksje. Hoe is de ferdieling regele by tsjinfallers? Ferskowe de tsjinfallers nei de jierskiif 2004? Is der al bekend oft der fer- smoarging is en hoefolle? Binne dêr kosten oan ferbûn om dat op te romjen? Wurdt der heid of boarre? Wethâlder Bouma seit dat it mei de tsjinfallers krekt sa regele is as mei de meifallers, dus lyk op. It soe in mooglikheid wêze dat de kosten trochskood wurde nei 2004. Sy wit net oft der heid of boar re wurde sil. *De ried sil dêroer skriftlik ynformearre wurde. De hear De Jong seit dat de fraach is oft de ried de kontrôle hâlde kin oer dit projekt. Der is noch net sein hoe't it mei de kosten fan de fersmoarging sit. Dêr sil dochs in maksimum bedrach foar jil- de. Wethâlder Bouma seit dat der net earder begûn wurdt dan neidat alles bekend is.*Dêr sil meidieling fan dien wurde yn de kommisje. It ûndersyk nei de fersmoarging sil plakfine neidat de gebouwen sloopt binne. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 9. Utstel om gjin meiwurking te ferlienen oan it oprjochtsjen fan in tankstasjon oan de Snitserdyk en Harstawei by Dearsum. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel. De oplossing dy't it be driuw fûn hat om it tankstasjon sa min mooglik opfalle te litten, is in goede oplossing dy't mooglik yn 'e takomst yn oare gefallen fertuten dwaan kin. Wethâlder Bouma seit dat it bedriuw yndied in kreative oplossing oandroegen hat, mar eleminten sa as ferljochting en reklameboerden steane net op 'e foto's. Njonken dat is it ek noch sa dat grienwâllen net pasje yn it iepen lânskip fan de Middelseepolder. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 10.Utstel ta beneaming fan leden yn de Fryske Programmaried. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 11. Utstel ta It takennen fan In subsydzje oan GAVC. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 12.Utstel om yn te stimmen mei de notysje yntegraal akkommodaasjebelied Boarnsterhim. De hear Roorda seit dat syn fraksje it akkommodaasjebelied mei mingde gefoelens ûntfongen hat. Bliid dat it der no is, mar spitich dat it sa lang duorre hat. Yn 1998-1999 is der besocht mei in ekstern buro it akkommodaasjebelied op te setten, mar dat is folslein mislearre. Is it eardere beskik- bere kredyt fan doe ek no noch beskikber? Dat it ûndersyk yn eigen behear útfierd wurdt, is in pri ma saak, mar sjoen de foarskiednis freget syn fraksje wol om binnen it heal jier mei de notysje te kommen. Mefrou Wegman hat yn de kommisje noch de fraach steld oft Stichting Partoer en de Stichting Doarpshuzen Fryslân ek ynskeakele wurde. Sil dat ek barre? Spesjaal omtinken wol syn fraksje freegje foar de ynbring fan de belutsen organisaasjes. Nearne stiet lykwols omskreaun hoe't de organisaasjes nei de startkonferinsje fierder partisipearje sille yn it proses. Hy jout it kolleezje yn oerwaging in soarte fan klankboerdgroep yn it libben te roppen mei minsken út it fjild wei. Yn de startnotysje stiet it ûnderwiisakkommodaasjebelied sintraal. Dêr is neat op tsjin, mar te foaren kommen moat wurde dat de wolwêzenskant te min omtinken krijt en ûndersnijt. Dielt it kolleezje dizze miening? Syn fraksje tinkt dat in ôfstimming mei sport-akkommodaasjebelied en jongerein- soarch nedich is. It moat net sa wêze dat de beammen troch it bosk net mear te sjen binne. Foar Side 3 ried 19-03-2002/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 10