de echte útfiering fan it akkommodaasjebelied is jild nedich. Hoe tinkt it kolleezje dat te dekken en wannear binne dêroer útstellen te ferwachtsjen? De reserve wolwêzensdoelen is hast leech en der moat noch in hiele protte barre. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie kan instemmen met het voorstel. De startnotitie is een uitvoe rige opsomming van randvoorwaarden waaraan een accommodatiebeleid moet voldoen. Zijn fractie is van mening dat het vooral niet moeilijker gemaakt moet worden dan nodig is. Het gaat volgens hem om het vaststellen van het ambitieniveau van verenigingen en instellingen, wat de prognose is inzake autonome groei en wat de huidige en gewenste omvang van de accommodatie is. Hoe moei lijker het onderzoek gemaakt wordt, hoe langer het duurt. Hij vraagt wanneer het accommodatiebe leid besproken kan worden. Ook hij denkt aan een termijn van een half jaar. Wat stuurt de Stuur groep PANTER eigenlijk? Hij zou liever van een werkgroep spreken. Zijn fractie wil graag weten waaraan het krediet wordt besteed, gerekend in uren. Hij zou graag een overzichtje van de stand van zaken van de Reserve Welzijnsdoeleinden ontvangen. Wethâlder Bijlsma seit dat yn dizze startnotysje de line om te kommen ta in akkommodaasjebelied útsetten wurdt. Tagelyk wurdt de wurkgroep (dat is in better wurd as stjoergroep) PANTER op- rjochte om yntersektoraal de akkommodaasjes te beskôgjen. Om net fan 'e flier op 'e souder te springen wurdt begûn mei de skoalgebouwen. Der is net alles bekend fan de skoallen, allinne mar wannear't in skoalle fernijd of renovearre wurde moat. De ûnderhâldstastân fan saken yn en om de gebouwen is net bekend. Letter wurdt dit yn stapkes útwreide mei pjuttesealen, berne-opfang, doarpshuzen en oare wolwêzensakkommodaasjes. Earst giet it om gebouwen dy't gemeentlik ei gendom binne. It is yndied spitich dat it salang duorre hat. It eksterne buro hat net folslein wurk le- vere. Doe is it akkommodaasjebelied yntersektoraal oppakt. It is net mooglik om in part fan it kre- dyt fan it buro werom te krijen. Dêr is juridysk nei sjoen: it soe in lang en djoer proses wurde. It soe moai wêze as de ynventarisaasje oer in heal jier klear wêze soe, mar dat kin hy net belove. Der is kontakt mei de Stichting Doarpshuzen Fryslân en de Stichting Partoer. It is de bedoeling it doarp nei de akkommodaasjes te sjen en de mooglikheden dêrfoar. In grutte gemeentlike klankboerdgroep is neffens him net nedich. It is net sa dat allinne it ûnderwiis sintraal stiet. Ek de doarpshuzen krije in prominint plak. It kolleezje wol besykje de Onderwijsgebouwen en de doarpshuzen as basis te nimmen foar in yntegraal akkommodaasjebelied. Dat betsjut net dat oare organisaasjes Ondersnije. Sportakkommodaasjes binne der bûten litten, om't der in sportbelied tarieden wurdt. Yn de startno tysje akkommodaasjebelied sil in finansjele paragraaf opnommen wurde, dêr't in mearjierrepro- gramma foar de begrutting út fuort komme sil. Hoe't it finansjeel útpakke sil, is noch gjin sicht op. As dat sicht der wol is, sil dat oan de ried meidield wurde. Der is in oersjoch fan de Reserve wol wêzensdoelen, dy't op besjen lei by de riedsstikken. Dit oersjoch sil oan de ried tastjoerd wurde. Hy bringt yn it omtinken dat der yntusken f 250.000,00 weromkommen is fan de BTW-ferrekkening. De heer Jonkers vraagt of het BOBOB ook wordt ingeschakeld bij de inventarisatie. De hear Roorda is it mei dizze fraach iens. Hy kin him yntinke dat de ynventarisaasje it doarp be- sjoen wurdt. Mar it giet der ek om de winsken te ynventarisearjen en dêrnei komt der in advys. Syn fraksje tinkt dat it dêrom in goede saak wêze soe en kom mei in tydlike klankboerdgroep. By sport wie de portefúljehâlder dêr wol foarstanner fan en der binne wol in protte oerienkomsten. Krekt om de lytse organisaasjes in goede stim te jaan yn it proses liket in klankboerdgroep him wichtich. Syn fraksje tinkt dat de finânsjes by de maitiidsnota oan 'e oarder komme moatte. Hy nimt oan dat it eksterne buro gjin opdracht mear fan de gemeente krije sil. De hear Van der Sluis seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel. It ûndersyk kostet lykwols in protte jild. Syn fraksje freget him ôf oft it ûndersyk ek dien wurde kin troch studinten as ófstudear- projekt. Side 4 ried 19-03-2002/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 11