Wethâlder Bijlsma seit dat it BOBOB en ek it PCBO by it ûndersyk ynskeakele wurde, hoewol't it ûnderhâld fan de gebouwen in gemeentlike saak is. Fan it BOBOB en ek fan it PCBO komme jierliks ad hoe oanfragen binnen foar ûnderhâld ensafuorthinne. It soe in goede saak wêze dat de gebou wen ek wat dizze ûnderhâldstastân oanbelanget goed ynventarisearre wurde. De learlingeprognoa- zes wurde fansels wol brûkt. Mevrouw Van den Berg interrumpeert dat er toch een meerjareninvesteringsplan voor het onderwijs Wethâlder Bijlsma seit dat yn it mearjierrenynvestearingsplan stiet wannear't in skoalle ta is oan re- novaasje, nijbou as ekstra lokalen. Net opnommen binne de saken sa as ferfanging ferwaarmings- tsjettel en opknappen skoalplein. Fan ditsoarte saken is noch nea in ynventarisaasje makke. In ge meentlike klankboerdgroep hat net safolle sin om't it doarp alles op in rychje setten wurdt. Lytse organisaasjes sille perfoarst net fergetten wurde. Wat de finânsjes oanbelanget wol it kolleezje dit oppakke by de behanneling fan de begrutting en de mearjierrenbegrutting. In ôfstudearprojekt yn dit gefal is hy net foar sjoen de minne ûnderfining by guon doarpshuzen yn it ferline. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 13.Advys kommisje Berop en Beswier oangeande beswierskrift oankeap grûn útwreidingsplan Wer- gea-West. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 14.Sluting. De foarsitter slút de gearkomste om 21.10 oere. Hy betanket de leden fan de ried foar harren by- drage oan diskusje en beslútfoarming. Hy winsket eltsenien wol thús. Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan 16 april 2002, de griffier^ de foarsitter, (R.P. van der Starre) Side 5 ried 19-03-2002/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 12