BOARNSTERHIM gemeente R EDSUTSTEL Kommisjegearkomste Agindapunt Riedsgearkomste Agindapunt Portefúljehâlder Behanneljend amtner 5 maart 2002 6. 16 april 2002 17. (B-stik) A. Bijlsma P. Engelsma telefoan: 0566 - 629270 e-mail:engelsmap@boarnsterhim.nl Underwerp: Oanbesteging kollektyf fraachôfhinklik ferfier (CVV) Advys 1stim yn mei it ynfieren fan kollektyf fraachôfhinklik ferfier yn Boarnsterhim 2. besteegje it fraachôfhinklik ferfier,wêrûnder it Wvg (handikapten) ferfier, oan neffens Eu- ropeeske rjochtlinen; 3. belûk it hoarekaferfier by dizze oanbesteging; 4. stim yn mei it ûnder dizze oanbesteging lizzend oanbestegingsdokumint; 5. stim yn mei de konseptoerienkomst oer it CVV mei de provinsje; 6. stim der mei yn dat advysburo I.T.S. út Raalte ús begeliedt yn it oanbestegingstrajekt; 7. stim der mei yn dat nei behanneling yn de riedskommisje útein set wurdt mei de oanbe steging; 8. mandateer it kolleezje in beslút te nimmen oer de gunning fan it CVV; 9. stim der mei yn dat it hjoeddeiske handikaptenferfier oan 1 septimber 2002 ta op de be- steande wize trochset wurdt. Ynlieding: Sûnt 1994 binne wy, neffens de Wet voorzieningen gehandicapten (Wvg), ferantwurdlik foar it handikaptenferfier. Yn 1997 ha wy dit ferfier foar it lést oanbestege en gund oan taksy Boekema út Grou en taksybedriuw Van der Krieke út Aldeboarn. Undertusken hat Van der Krieke syn part fan it Wvg ferfier oerdien oan Boekema. It yn 1997 oangiene kontrakt is, nei trije jier, twa kear 1 jier ferlingd oan 1 april 2002 ta. Dit betsjut dat it Wvg ferfier op'e nij oanbestege wurde moat. By de tarieding op dizze oanbesteging ha wy de provinsje frege om in projekt fan kollektyf fraachôfhinklik (iepenbier) ferfier (CVV) op te setten yn Boarnsterhim. De provinsje is ferantwurd lik foar it iepenbier ferfier. CVV is in foarm fan iepenbier ferfier, wêrmei reizgers op oanfraach, fan doar nei doar ferfierd wurde. Yn it CVV kin de doar ek in bushalte of treinstasjon wêze. Mei it ynfieren fan CVV yn de gemeente soe in stap setten wurde yn it ferbetterjen fan de leefberheid yn benammen de lytsere doarpen fan ús gemeente. Om 't Wvg ferfier yn ús gemeente oanslút by de útgongspunten fan it CVV is yntegraasje fan beide ferfiersmooglikheden winsklik en kin in yntegrearre oanbesteging foar alle partijen geun- stich wêze. 17. oanbesteging fraachôfhinklik ferfier/szpe/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 49