Arguminten: 1.1 Foar de Ontwikkeling fan de ieefberheid op it plattelân is it CVV in basisfoarsjenning. Foar de Ontwikkeling fan de Ieefberheid op it plattelân wurdt it CVV as basisfoarsjenning sjoen. Mei it CVV kinne alle ynwenners fan de 18 doarpen yn ús gemeente net inkelt fersjennings bin nen de gemeentegrinzen berikke, mar ek fersjennings yn de 4 omlizzende gruttere plakken (Ljou- wert, Snits Drachten en 't Hearrenfean) berikke. 1.2 De provinsje is ferantwurdlik foar it iepenbiere CVV ferfier De provinsje is ferantwurdlik foar it iepenbier ferfier. Mei it ynfieren fan it CVV is de provinsje fan doel om oanfuljend iepenbier ferfier sa te regeljen, dat it berik fan en de oansluting op it bestean- de iepenbier ferfier ferbettere wurdt. Dit betsjut dat mei it ynfieren fan CVV yn ús gemeente in dekkend iepenbier ferfiersoanbod komt. In wetlik fêstlein kenmerk fan CVV is dat de te brûken ferfiersmiddels foar eltsenien, dus ek foar handikapten, tagongklik wêze moatte. 1.3 Wy ha de provinsje frege dit CVV yn Boarnsterhim op te setten. Wy ha de provinsje frege om CVV yn Boarnsterhim op te setten en dêrby oan te sluten by it han- dikaptenferfier, sa as dat al in tal jierren yn ús gemeente rydt. Om 't it handikaptenferfier oanbe- stege wurde moat, is it no ït momint om it CVV yn te fieren. 2.1 it CVV/Wvg ferfier moat neffens Europeeske rjochtiinen oanbestege wurde Sjoen de kosten fan it hjoeddeiske handikaptenferfier,sa'n 300.000,00 yn't jier, moat dizze ferfiersopdracht iepenbier oanbestege wurde, neffens Europeeske rjochtiinen. De grins dêrfoar leit yn dit ramt op 220.000,00 foar de folsleine kontraktperioade. 2.2. Ek de Wvg reizger kin yn it CVV ferfiersgebiet Onbeheind reizgje. De betingsten foar de Wvg reizger ferbetterje mei it ynfieren fan CVV. Reizgers mei in Wvg yndi- kaasje, kinne yn it CVV gebiet, krekt as de net handikapte reizger, Onbeperkt reizgje. Foar de ear- ste 815 kilometers (maksimaal te riden Wvg kilometers) betellet de handikapte 0,08 per kilo meter. Dêrnei betellet er itselde bedrach as in net handikapte (ommendeby 0,25 per kilome ter). 2.3 It ferfiersgebiet foar de handikapte bliuwt gelyk Fansels kin de handikapte reizger syn 81 5 kilometers ek brûke foar ferfier yn it troch de ried fêst- stelde Wvg ferfiersgebiet. Dit ferfiersgebiet bestiet út de trije noardlike provinsjes en de ge meente Noardeastpolder. As dizze kilometers op binne kin de handikapte reizger, krekt as de net handikapte reizger, foar ommendby 0,25 de kilometer reizgjen bliuwe binnen it CVV ferfiersge biet. De provinsje hat it CVV ferfiersgebiet fêstlein op de gemeentegrinzen, mei puntbestimmin- gen nei Ljouwert, Heerenveen, Snits of Drachten. De maksimale ritlingte yn it CVV bedraacht 15 kilometers. 2.4 De kwaliteit fan it Wvg ferfier sil mei ynfieren fan it CVV net feroarje Nei de oanbesteging bestiet de mooglikheid dat in oare ferfierder it CVV/Wvg ferfier fersoargjen giet yn ús gemeente. Oan dizze ferfierder wurde deselde kwaliteitseasken steld, sa as wy dy no oan it Wvg ferfier stelle. Dizze easken wurde yn it oanbestegingsdukumint ferwurde. 3.1 It hoareka ferfier wurdt as ôfsûnderlik perseel by de oanbesteging belutsen Wy wolle graach dat it hoareka ferfier yn ús gemeente goed regele is. Wy hawwe ús ferantwurd- likens op it mêd fan iepenbiere oarder en feiligens. As it hoarekaferfier goed regele is, ferwachtsje wy dat der in goeie bydrage levere wurdt oan dy ferantwurdlikens. We wolle it hoarekaferfier as ekstra perseel opnimme by de oanbesteging fan it CVV/Wvg ferfier. Fan ynskriuwers op it CVV/Wvg ferfier ferwachtsje wy dat se ek ynskriuwe op it hoarekaferfier. Dit betsjut net dat beide perselen net oan twa ferskillende ferfierders gund wurde kinne Side 2 17. oanbesteging fraachôfhinklik ferfier/szpe/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 50