5.1 De ferantwurdlikens fan gemeente en provinsje mei de opset fan CVV/Wvg ferfier is yn in konsept oerienkomst fêstlein It oanbesteegjen fan CVV/Wvg ferfier is de ferantwurdlikens fan gemeente en provinsje. Wy bin- ne ferantwurdlik foar de handikapte reizgers, wylst de provinsje ferantwurdlik is foar de net han- dikapte reizger. Oer de skieding fan dizze ferantwurdlikens, mar ek oer de gunning en oar foech binne ôfspraken makke, dy't yn in konseptoerienkomst fêstlein binne. 6. Advysburo ITS kin ús begeiiede yn it oanbestegingsproses By de oanbesteging fan it learlingenferfier yn 2000 hat ITS ús begelaat. Dit hat ús goed foldien en is oanlieding om har op 'e nij te freegjen ús yn dit proses te helpen. Ek de provinsje hat goeie ûnderfining mei ITS. De kosten fan ITS wurden droegen troch provinsje en gemeente. 7. Wy woiie, nei ynstimmen fan de riedskommisje, gau starte mei de oanbestegingproseduere As de riedskommisje posityf is oer dit útstel, dan wolle wy graach moam begjinne mei de start fan it oanbestegingstrajekt. Wachtsje op in riedsbeslút yn april 2002 liedt ta in ûnwinsklike fer- traging fan it proses. Wy soenen, mei it provinsjebestjoer, graach wolle dat it CVV yn Boarnster- him op 1 septimber 2002 ride kin. 8. It ieit foar de hân dat it koiieezje fan B. en W. it beslút nimt oer de gunning fan it ferfier As wy op 6 maart 2002 begjinne kinne mei de oanbesteging fan it ferfier, dan kinne wy yn juny 2002 in beslút nimme oer de gunning. As de ried ynstimd mei de betingsten, dy't oan it ferfier ferbdn wurde moatte, dan liket it ús foar de hân lizzen dat wy, neffens dizze betingsten, in beslút nimme oer de gunning fan de opdracht. Dizze wize fan beslútfoarming past yn it nije duale sys teem, sa as dat yn maart 2002 ynfierd wurdt. 9.1 Oan it momint fan ynfieren fan it CVV ta, kinne wy it Wvg ferfier op de besteande wize trochsette. Wy hawwe juridysk útsykje litten dat wy it besteande kontrakt oer it Wvg ferfier trochsette kinne oan it momint ta dat de nije oanbesteging ôfrûne is. Wy meie dit dwaan, as we oantoane kinne dat we op it momint fan ôfrinnen fan it kontrakt mei de oanbesteging dwaande binne. As jo op 6 maart oanjouwe dat wy mei de oanbesteging starte kinne, foidogge wy oan dy betingst. 9.2 It is fan belang om te witten foar hoef olie moannen it kontrakt trochsetten wurde moat It beslútfoarmingstrajekt is bepalend foar it momint wêrop it CVV gund wurdt kin en ride kin yn ús gemeente. Dit trajekt is ek wichtich, om fêst te stellen foar hokker perioade it besteande Wvg kontrakt trochsetten wurd moat. Wy stribje der, mei de provinsje, nei om yn september 2002 te starten mei it CVV yn Boarnsterhim. As wy op 6 maart 2002 starte mei de oanbesteging en yn juny in kolleezjebeslút nimme oer de gunning, dan slagget dat. 9.3 Fan 1 april 2002 óf oan 1 septimber 2002 ta krije de Wvg reizgers ekstra taksy kilometers Wy wolle de Wvg reizger oer de perioade fan 1 april 2002 oant 1 septimber 2002 340 taksyki- lometers takenne. Dit tal is basearre op de 815 kilometers, sa as dy no yn 't jier takend wurde. Kanttekenings: It ferfier neffens it projekt dei-yndieling wurdt opnommen yn it CVV Taksy Boekema fersoarget foar ús ek it ferfier neffens it projekt "dei-yndieling". Dit betsjut dat bern fan hûs helle wurde en nei de berne-opfang brocht, wylst der in fraachôfhinklik ferfiersys- teem rydt tusken Wergea/Warten en Grou en Aldeboarn/Terherne en Akkrum. Der wurde eltse moanne sa'n 200 ritten riden yn dit systeem. It projekt "dei-yndieling" stoppet ein 2002. Mei it ynfieren fan it CVV wurdt dit eksperimint struktureel ûnderdiel fan gemeentlik belied, sûnder dat dêr ekstra kosten foar ús oan ferbûn binne. Side 3 17. oanbesteging fraachôfhinklik ferfier/szpe/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 51