De foarsitter oerlanget oan elts, no beëdige lid fan de ried in boeket blommen yn de kleuren fan de gemeente Boarnsterhim. Mefrou Dekker oerlanget, út namme fan de grutste fraksje yn de ried, alle riedsleden in reade roas. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 20.30 oere om eltsenien yn de gelegenheid te stellen de beëdige riedsleden te lokwinskjen. Hy weriepenet de gearkomste om 20.45 oere. 4. Beneaming fan de griffier. De foarsitter seit dat út it brief fan de VNG bliken docht dat de formele basis om de griffier te be neamen noch ûntbrekt. Materieel besjoen hat de ried lykwols wol in griffier fan no óf oan. As ta de formele oanstelling en beëdiging oergien wurde kin wurdt dat punt op de wurklist foar de ried set- De ried nimt dizze meidieling foar kundskip oan. 5. Of spraken oergongsregeis nei dualisearing De foarsitter seit dat yn it presidium yn oprjochting de folgjende saken ófsprutsen binne. It regie- mint fan oarder foar de ried komt op 19 maart oansteande oan 'e oarder. It reglemint fan oarder foar de kommisjes komt oan 'e oarder as der definityf in beslút nommen is oer de kommisjes. Oant dat momint is it âlde reglemint jildich. Der is besluten dat der pas nei de kolleezjefoarming in beslút nommen wurde sil oer it hoe en wat fan de kommisjes. Oant salang sille der twa kommisjes wêze. De moandeitejûnkommisje (de eardere kommisjes AS en ROFFM) Onder foarsitterskip fan de hear Roorda en in tiisdeitejûnkommisje (de eardere kommisjes W&R en WUK) Onder foarsitterskip fan mefrou Van den Berg. It presidium hat óf praat dat de fraksjes seis ófprate hokfoar riedslid der nei hokfoar kommisje gean sil. Ek is ófpraat dat der it Onderwerp ien wurdfierder de fraksje wêze sil. It wurk fan de Rekkenkeamer is opskoarten. De kommisje Berop en Beswier giet foarearst gewoan troch mei syn wurk. Der is noch gjin slutende regeling foar it ynfoljen fan de mienskiplike regelin gen. Foarearst is besluten de besetting fan de mienskiplike regelingen net te feroarjen. De wurk- groep bestjoerlike fernijing hat it advys útbrocht dat de fise-foarsitter fan de ried keazen wurde moatten soe. It presidium hat besluten mei de ferkiezing te wachtsjen oant it nije kolleezje foarme is. Oant salang sil der op grûn fan anciënniteit in fise-foarsitter beneamd wurde. De ried nimt dizze meidielings foar kundskip oan. 6. Prosedurele fuortgong fan de bestjoersfoarming. De foarsitter seit dat it doel fan dit punt fan de wurklist is om yn it iepenbier te fertellen hoe't de kolleezjefoarming plakfine sil. Hy freget de fraksjes hoe't sy tinke dat de kolleezjefoarming oanpakt wurde moat en om wat te sizzen oer it inisjatyf dat al nommen is. Komt der in programma en as dat sa is wurdt dat in kolleezje - of riedsprogram. Hoe stelt de ried him aanst de relaasje tusken de wethâlder en syn fraksje foar? Sil de boargemaster yn de perioade fan kolleezjefoarming ek noch konsultearre wurde en hoe sil dat eventueel barre? Hy freget omtinken foar de posysje fan de loko- boargemaster yn it nije dualistyske systeem. Ek de loko-boargemaster sil aanst de eigenstannige posysje fan de boargemaster oernimme moatte as de boargemaster behindere is syn wurk út te fie- ren. Hy seit dat de griffier, as de ried dat wol, soargje sil foar amtlike stipe Onder de bestjoersfoar ming. De hear Zijlstra seit dat de grutste, syn, fraksje it inisjatyf nommen hat. It earste petear mei de hiele ried wie ôfrûne freed. Alle partijen hawwe dêr wat ferteld oer de ferkiezings. Dêr is ek ófpraat dat der earst in ynformaasjerûnte wêze sil takom freed en sneon. Der sil besocht wurde de punten per Side 3 ried 14-03-2002/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 5