BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 19 maart 2002 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), D.T. Troost-Akkerman en E. Verkerk en de manlju S. Bouma, A. Bijlsma (wethâlder), J. Hemminga, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, J. Roorda, M. van der Sluis, A.J. de Vries en J. Zijlstra. Ofwêzich: mefrou J. Dekker-Hoogeveen en de hearen S.G. Janse en H. G. Postma Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Griffier: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat de le den mefrou Dekker en de hear Janse behindere binne de gearkomste by te wenjen. De hear Postma komt wat letter. 1. lepening. De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan 'e oarder: 2. It fêststellen fan de wurklist. Op fersyk fan de hear De Jong wurdt nûmer 8 in B-stik. Ynachtnommen dizze wiziging wurdt de wurklist fêststeld. 3. It beneamen fan in fise-foarsitter fan de ried. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt by akklamaasje mefrou Van den Berg be- neamd as fise-foarsitter fan de ried. De foarsitter lokwinsket har mei dizze beneaming en freget oft sy de beneaming oannimt. Mevrouw Van den Berg zegt dat zij de benoeming aanvaardt. 3.a It fêststellen fan it reglemint fan oarder foar de ried. De fise-foarsitter, mefrou Van den Berg, sit de gearkomste foar ûnder dit punt. Mefrou Bouma seit dat har fraksje de wurkgroep bestjoerlike fernijing tanksizze foar it wurk dat sy dien hat. Sy seit dat har frcksje him ôffreget hoe't der mei artikel 37 a (vragenuur) omgien wurde sil. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje graach wol dat yn artikel 14 de mooglikheid opnom- men wurdt dat yn útsûnderlike gefallen der koarter foar de gearkomste sprekrjocht oanfrege wurde kin. Aktuele ûntwikkelings kinne dêr oanlieding ta jaan en dan is 48 oeren fierstente lang. ried 19-03-2002/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 8