Dfi hear Van der Sluis seit dat syn fraksje der net wiis mei is dat yn artikel 49, lid 2a stiet dat der 1 fan de kiesgerjochtigden (sa'n 120 personen) in burgerinisjatyfútstel stypje moat foardat it op 'e wurklist fan de ried komt. Hy soe dat oantal graach feroare hawwe wolle. Dp fnarsitter fan de ried seit dat dit útstel net, sa as gebrûklik, earst yn 'e kommisje besprutsen is. Fandêr dat der no noch in listke mei wizigings op 'e tafel leit. Hy seit dat der noch in pear wizigings binne: Pagina 9, artikel 30, lid 5d "voordrecht" moat wêze "voordracht". Pagina 10, artikel 36, lid 4: "voorstellen"' moat wêze "voorwaarden". De ried soe ôfprate kinne dat it reglement oer in heal jier nochris op tafel komt om te besjen oft it foldocht of dat it oars moat. Yn dy sin soe hy ek graach reagearje wolle. Artikel 37 A docht sterk tinken oan de Twadde Keamer dêr't op tiisdeite- middei de ministers nei de keamer roppen wurde om fragen te beäntwurdzjen. Dêrnjonken hawwe leden fan 'e ried in hiele protte rjochten om portefúljehâlders yn de ried te roppen om ferantwur- ding óf te iizzen. Hoe't him dit krekt ûntjaan sil, is noch ûnwis. Dit is seker in punt foar de evalu- aasje oer in heal jier. It liket him ferstannich dat it sprekrjocht fan boargers oersichtlik bliuwt en dat der net op 'e léste minút noch sprekrjocht oanfrege wurde kin. Boargers hawwe op in hiel protte oare plakken ek al it rjocht om yn te sprekken. In goede tarieding fan riedsleden op 'e Onderwerpen dy't boargers nei foaren bringe sille, is ek tige wichtich. Ek hjir jildet, litte we mar ris ôfwachtsje hoe't it rint. Yn it oerlis fan it presidium kin punten fan 'e oarder yn oerwaging nommen wurde. Ek wat artikel 49 oanbelanget wol hy earst mar ris de Onderfinings yn 'e praktyk besjen. Om no al doarpsnoarmen yn te fieren riedet hy de ried net oan. *Hy seit ta dat der oer de suggestje fan de hear Van der Sluis om in doarpsnoarm yn te fieren neitocht wurde sil. De hear Van der Sluis seit dat yn Utert jildet dat 25 hântekeningen genôch binne om in inisjatyf oan e oarder te krijen. Hy stelt út it oantal werom te bringen ta 25. De hear Bijlsma seit dat syn fraksje der foar pleitet dat der oer in heal jier as trije fearns jier evalu- earre wurdt. Dan kin mooglik it reglemint oanpast wurde. De foarsitter fan de ried seit dat yn Utert keazen is foar de territoriale fertaling. Yn dit reglemint wurdt dat net dien. Hy seit nochris dat der útsocht wurde sil hoe't in doarpsnoarm stâl krije kin. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it oanpaste útstel besletten. Der sil op in letter tiidstip evaluearre wurde. 4. It fêststellen fan de ynstruksje foar de griffier. Ek hjir sit de fise-foarsitter de gearkomste foar. SOnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 5. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar it ôfkeppeljen fan reinwetter yn Raerd en it oan- passen fan in oarstoart. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 6. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar it ôfkeppeljen fan reinwetter yn Reduzum. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 7. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar it ôfkeppeljen fan it dakoerflak yn Spikerboor te Akkrum. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 8. Utstel oangeande de útfiering fan it ISV projekt bedriuwsferpleatsing yn Grou. Side 2 ried 19-03-2002/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 9