geen seconde spijt van gehad. Daarna is hij in de periode 1998-2002 raadslid in de éénmans- fractie van D66 geweest. Nu komt hier een eind aan. Het meeste zal hij het contact met het ambtelijk apparaat en de raadsleden missen. Zo met elkaar samenwerken schept een band. Helaas is D66 niet meer van de partij in de nu beginnende nieuwe raadsperiode. De laatste jaren was hij, zoals gezegd, een éénmansfractie. Hij had dat werk niet kunnen doen zonder de steun van zijn fractie. Met name noemt hij mevrouw Nugteren, mevrouw Wuite, de heer Gerber en ook de heer Jellema. Hij wenst een ieder het allerbeste voor de toekomst. Mefrou Veldstra seit: "12 jier 3 terminen) yn de ried fan Boarnsterhim. It momint is oanbrutsen om ôfskie te nimmen en it léste wurd te hawwen. Ik bin efk?s yn it argyf doken foar jimme, wat is der no allegearre bard yn dy 12 jier!Der binne wolris minsken dy't sizze: Gemeente Boarnsterhim, dér prate se al- linne mar, besluten nimme, ho mar. Mar dat fait ta. Der binne hichtepunten west, mar ek djipte- punten. Gean der mar efkes "foar sitten". Ik ha in steapeltsje socht en sil jimme der wat oer fer- telle. Hoefolle sprektiid haw ik foarsitter? Doe't ik yn 1990, as 1e frou, foar de F.N.P.yn de ge meente ried fan Boarnsterhim kaam joech dat nochal wat opskuor. Jan v.d.Baan hie it nei jierrer lang net mear allinne foar it sizzen. En ek Hessel (myn man) wie syn frijheid kwyt, want ik kaan. derby en dêrtroch gie syn partij fan 9 nei 8 sitten en wie de oerhearsking fan de P.V.D.A. foarby. Sa hie Boarnsterhim de primeur, it earste echtpear yn de ried. It waard in hiel mediaspektakel, seis de lanlike telefysje kaam der op óf. De moaiste stunt wie noch, dat neffens boargemaster Holtrop it wetlik net koe, in echtpear yn de ried. Seis hie ik al ynformearre by de Steatssiktaris fan Ynlânske saken en hie de befêstiging al yn 'e bûs. Holtrop lei him hjir by del mar de útspraak fan him dêrnei wie, en ik sitearje: Se moatte elkoar yn de ried, yn elts gefal mei jo oansprekke. Op myn earste leanstrookje fan de gemeente Boarnsterhim waard f 2,09 ynhâlden foar kofjejild. Dit is 2 moanne sa west, (maaie en juny). Yn july kaam de meidieling dat it kolleezje it beslút op 'en nij besjoen hie op grûn fan de finansjele posysje fan de gemeente en waard de ynhâlding wer skrast. (oer besluten sprutsen! Myn earste reaksje nei oanlieding fan in ynkommen stik yn myn 1e riedsgearkomste wie: Of it kolleezje ek fan doel wie om oer te gean ta in alkoholmatigingsbelied. It idee waard oppere om alkohol frije resepsjes yn de gemeente yn te fieren. It antwurd wie, wy komme der op werom. Nijsgjirrich is dan te fertellen dat 4 jier letter Wethâlder Klaske v.d.Berg alle alkohoalyske dranken mei kryst en âld en nij ferbiede woe.Troch protesten fan it personiel waard besletten om wol bier en wyn ta te stean. Eggo Huininga wie sa bliid as in protter, hy koe wer syn biskopswyn brouwe en skinke! Op 5 augustus 1992,waard ús dochter Esther berne en wa wie de 1e dy't my yn it sikehûs lokwinskjen kaam, in man yn in unifoarm en ik noch heal yi 'e sûs, bliek dit boade Sjoerd Woudstra te wêzen mei in hiel grut boeket blommen. Dochs wol hiel bysûnder! Wer werom nei al dy besluten. Wiene der grutte plannen foar in grutte seal 300 yn Grou, dit brocht hiel wat diskusje yn de kommisjes. Mar dit hat de ried nea helle! Sa wie de komst fan in bernedeiferbliuw hiel dreech. En wie it hiel dreech om yn de kwaliteitseasken foar berne-opfang ien regel ta te foegjen, nammentlik neist it Nederlânsk ek it Frysk lykweardich te brûken. Dit útstel waard mei in krappe mearderheid 9 foar en 8 stimmen tsjin,) oannommen. Kaam der in grut organisaasje-ûndersyk troch de heren Vos en Tijssen. Is der 12 jier lang diskusje west rûnom sportsintrum de Twine. Is der 6 jier praat, om in baarhokje yn Raerd op te knappen. Reboelje yn Poppenwier, Kafé de Herberch en de doarpsbewenners yn 'e slach. Kaam der in be- stjoersplan. Hiene wy de O.L.A.F perikelen. De komst fan in multifunksjoneel sintrum yn Akkrum brocht hiel wat teweech. Sosjaal-kulturiel wurk kaam op in sêft pitsje. Kaam de W.V.G. en it fer- fier op it aljemint. Kaam der in Tropplan toeristysk rekreatyf produkt) Protesten Learlingenfer- fier. Bestimmingsplan Bútengebied. Stork-terrein/ wetterfront, Blikpôle, Minne Finne, Boarnstee( Akkrum), Doarpsfernijingsprojekten yn ferskate doarpen, húsfestingsproblematyk basisskoallen, miljeubelied ûnder de maat? Doarpshûs Poppenwier. Boaiemfersmoarging de Baai. Steandemest- rûte. Bestimmingsplannen yn 'e Lyte en Biensma. Plannen foar nijbou Gemeentehûs. Nijbou O.S.G. en bibleteek, hichte punt! Asylsikerssintrum Akkrum East-Nes. Rekkenkeamer. Dit wie noch mar in greep út in oantal drege punten, dy't de wurklist út en troch folden. Ik sil hjir fierder Side 20 notulen ried 13 -03-2002 il/absh/20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 22