mar net wiidweidich by stilstean. Elts kin har/syn ferhaal hjir wol by kwyt. En sil dizze hiele sta pel útstellen, opbergje yn myn argyf. De F.N.P. hat altiten yn de opposysje west mar makke de léste 4 jier diel út fan it kolleezje. Foar Auke Bijlsma, ús wethâlder, wie dit nij en ôftaasten. Foar myn gefoel hat ús fraksje altiten iepen en dúdlik west. Teloarstelling op 6 maart 2002, útslach gemeenteriedsferkiezings. Wêr't de F.N.P. Provinsjaal yn de lift sit, mei in winst fan likernôch 8 sitten, rekken wy yn Boarnsterhim ús 3e sit kwyt. Hiel spitich dat in part fan ús kiezers net ge- nôch fertrouwen yn ús hie. De F.N.P.fraksje sil besykje moatte noch dúdliker nei bûten ta te kommen. Ik winskje ús riedsleden Auke en Sake dan ek in protte sukses ta, om in positive bijdra ge te leverjen foar in leefber Boarnsterhim. It is jimme bekend, ik bin gjin minsk fan lange ferhalen. Foar my seis hat it in learsume tiid west ha ik in protte kontakten opdien en bin ik thús rekke yn dizze gemeente, somtiden hektysk, fer- moeiend, teloarstellend, mar in tiid om nea te ferjitten en wa wit, In weromkear slút ik net út. Hjir woe ik it mar by litte. Tank foar jimme oandacht. Ik winskje de nije ried en it kolleezje in protte sukses ta. Sukses yn it nije Dualisme. O, ja. Dit soe ik noch ferjitte. Ik ha noch wat foar jo, Foar sitter, De kaai. Jierren lyn krigen, de kaai fan de kantine fan it gemeentekantoar, om yn it wykein of yn de jûnsoeren, de stikken yn te sjen! Ik ha de kaai net mear nedich. Jo krije de kaai, per- soanlik fan my werom." Mefrou Santema betanket de foarsitter foar syn moaie wurden. Yn har riedswurk hat sy altiten omtinken frege foar fytspaden. De léste tiid binne der in protte fytspaden realisearre dy t fan Boarnsterhim oerrinne yn oare gemeenten..Syn neamt dan it fytspaad fan Dearsum nei Wiuwert yn Littenseradiel, it fytspaad troch De Deelen op 'e grins mei It Hearrenfean, it fytspaad Terher- ne nei Joure yn Skarsterlân, it "rondje pontje" tegearre mei Smellingerlân, it fytspaad fan Wergea nei Swichum gemeente Ljouwert, it fytspaad fan 'e Fonejacht mei Suwâld yn Tytsjerkesteradiel en it fytspaad troch de Lege Geaen nei Wymbritseradiel. In hiele rige dus dêr't in protte minsken nocht en wille oan belibje kinne. Dan komt se noch efkes werom op de ferkiezings. Fan de kol- leezjepartijen hawwe de FNP en de PvdA stimmen ferlern. Mar de VVD hat stimmen wûn, al is der spitigernóch gjin ekstra riedssit út fuortkommen. Sy fynt dat dizze útslach oanjout dat de âlde fraksje fan de VVD, dy't no foar twatredde ferfongen wurdt, lokwinske wurde kin mei it belied dat sy de ôfrûne tiid fierd hawwe. Tsjin stemme is faak dreger as foar stemme. Sy winsket de nije VVD-fraksje lykwols in protte sukses yn de kommende nije perioade. Dan hat sy op de be- gjinletters fan Boarnsterhim in foardrachtsje makke. De stekwurden binne:: "Bestjoerders yn de takomst en it ferline Oppositie giet yn de opposysje Aid bestjoer Nij bestjoer Riedsfergadering elke moanne Nei elke boarger harkje Steun fan de kiezers, Jan en de fammen Tsjin is moeiliker as foar stimme Eltsenien dy't meitocht hat Reewillich om mei lytse en grutte doarpen te praten Harker moat net it harkjen der ta dwaan Informatie foar riedsleden Manlju mear oanwêzich as froulju" Sy hâldt gjin grut ferhaal. Se wol net op it gemoed wurkje. Fandêr dat sy net in katoenen ruft mar in katoenen bûsdoek mei de tekst "Gewoan Rinske" oan alle riedsleden oerlanget. Side 21 notulen ried 1 3 -03-2002 ll/absh/21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 23