De hear Janse seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel. It is spitich dat it stek rûn de Bidler net meinommen wurde koe. Mooglik hie wat ekstra ynspanning op it mêd fan kommunikaasje dit oplosse kind. Hy rekkent der op dat de ynspannings der op rjochte binne de sitewaasje foar alle Wergeasters goed te krijen. De heer Jonkers complimenteert het college dat er nu in Wergea begonnen kan worden met deze plannen. Er is ingesproken over een aantal onduidelijkheden. Zijn fractie kan zich voorstellen dat er nog contact met Plaatselijk Belang wordt opgenomen om de onduidelijkheden te inventarise ren, zodat op de jaarvergadering van Plaatselijk Belang er nog een duidelijke uitleg kan worden gegeven. Zijn fractie heeft geen probleem met de overheveling van middelen uit Akkrum naar Wergea maar wil wel een garantie hebben dat als de derde fase Akkrum aan de orde komt, de middelen er ook zijn. Hoe staat het met de onderhandelingen op provinciaal niveau? Ook vraagt hij het college wat te vertellen over de stand van zaken rond het hek om de Bidler. Wethâlder Bouma seit dat as mefrou Pothof noch spesifike punten hat oangeande har eigendom dat noch efkes mei har trochnommen wurde sil. Der is oerlis west mei Pleatslik Belang en it be- stjoer fan de Bidler oer it tsjerkestek. Oangeande partikiliere eigendom, en it stek is partikulier ei gendom, is it mooglik subsydzje te krijen. Der sil besocht wurde it tsjerkestek op te knappen fia in learlingeprojekt. En miskien is der aanst nei de oanbesteging ek noch romte oer dy't hjir foar ynsetten wurde kin. Dan sil dat mei de ried bepraten wurde. Sy sil neilûke oft it mooglik is ek fan Monumintesoarch subsydzje te krijen. Der is berjocht fan de provinsje kommen dat der oant 2005 middels foar de tredde faze Akkrum reservearre wurde sille. De hear De Jong freget wat der dien is mei Wopkes hoek. Hy freget hoe't de ôfskriuwing fan it hout fan de wâlbeskoaiïng, dat minder duorsum is, regele is. Wurdt der ek in part fan it Fricoter- rein ôfgroeven? Wethâlder Bouma seit dat dit nogal technyske fragen binne. Sy sil dêr amtlik omtinken foar freeg- je. Stel dat it terrein ôfgroeven wurdt dat bliuwe der dochs soargen oangeande de folkssûnens. Foar de jeu de boulesbaan sil in oar geskikt plak socht wurde. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 7. Utstel ta oankeap UTD-terrein Akkrum. Mefrou Dekker seit dat har fraksje bliid is mei dit útstel. De kompliminten oan it kolleezje dat der yn slagge is om in foarse subsydzje fan de provinsje binnen te heljen. Sy hat noch inkele fragen. Hokfoar variant wurdt foar keazen? Wat is it foardiel fan it ófboeken fan de kosten yn it ekspoli- taasjekompleks UTD-terrein? Wat bart der mei de antennes? Hoe sit it krekt mei it keatsfjild, dat soe dochs op Akkrum-East komme? Har fraksje wol graach de útkomst fan it oerlis mei de be- driuweclub fan Spikerboor. Is it net sa dat mei dizze plannen der ek noch in oanfraach komme kin foar in swierder miljeubelêste bedriuw? Har fraksje is tige foar wer in foarljochtingsjûn foar Ak krum en de omwenners oer de plannen. De hear Janse seit dat der trije stikken op besjen leine, dy't as fertroulik oanmerke wiene. Hy giet der dan ek fan út dat dy stikken net mear fertroulik binne. Ek om't dat ek net nedich is. Men mei best witte hoe't de oerienkomst mei UTD der út sjocht. Op de finansiering is úteinlik in tekoart fan 0,8 miljoen Euro. Foar de ISV hâldt dit yn dat der oant 2005 gjin jild mear foar Boarnsterhim is. Dêrtroch moat de ferpleatsing fan Knol opskowe. Friestins sil ek bydrage, mar docht dat net foar neat. Friestins moat 1 50 wenten hawwe yn Akkrum-Súd foar dy bydrage. Dy wenten moat- te foar in grut part komme út it ekstra kontingint út de knyppuntepot. Dit sil allegear op kosten gean fan wenten yn de lytse doarpen. Side 3 Document3/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 26