Wethâlder Bouma betanket de riedsleden dy't dizze oankeap as in positive Ontwikkeling sjogge. It is al dúdlik wurden dat it hiele bedrach noch net dutsen is. De provinsje jout in útsûnderlik hege bydrage út eigen middels. Sa't it no liket soe der mooglik in tekoart wêze, mar der wurdt besocht dat tekoart sa lyts mooglik te meitsjen. De eksploitaasje-oersichten binne lykwols hiel rom bemjit- ten, dus dêr kinne ek noch wol wat foardielen út komme. De stikken dy't fertrouwelik op besjen leine, wiene de Onderlizzende berekkenings om te sjen oft is allegear wol helber is en om op grûn fan dy sifers subsydzjes binnen te heljen. Der binne noch mear as trije taksaasjes west. It kolleez- je hat besletten om in oerienkomst mei it bedriuw te sluten op basis fan in doe útfierde taksaasje, dêr't de Onderhannelingen mei begûn binne. It oankeapbedrach is leger wurden as it taksaasjebe- drach. Der is keazen foar de variant dat de tuorren sloopt wurde. De loadsen bliuwe stean. Mei UTD binne ôfspraken makke oer de antennes. UTD moat mei de providers regelje dat de antennes der óf komme. Earder fynt de keap net plak. It keatsfjild wie as opsje meinommen yn gefal it net nei Akkrum-East ta kinne soe. Likegoed wol it kolleezje graach in griene buffer hâlde yn dat ge- biet. Sy sil de kommisje op 'e hichte stelle fan de útkomst fan it oerlis mei de ûndernimmers. Fer- line jier is de mooglikheid oppere om in tariedingsbeslút te nimmen foar bestimmingswiziging fan it terrein. UTD hat doe fuort sein dat sy in skeaklaim yntsjinne soe. As it ankocht is, sil der sa gau mooglik in tariedingsbeslút nommen wurde. Der is goed mei it doarp Akkrum kommunisearre. It is net oan 'e oarder om it tekoart te dekken út it Grûnbedriuw. Ek de algemiene tsjinst fan de gemeente moat net foar dat bedrach stean. It Grûnbedriuw lient jild fan de gemeente en de ge meente betellet dêr rinte foar. It kolleezje stipet dan ek net it amendemint fan de hear Janse. It jild fan Tusken de Marren is rekreatyf jild en dat jild kin wol fertrijefâldige wurde mei subsydzjes en is dus dan folie mear wurdich dan it mar te brûken foar it tekoart fan de oankeap fan UTD. Yn de sanearring sitte net sa sear risiko's as wol inkele ûnwissichheden. De keaper is ferantwurdlik en net it bedriuw. By de eksploitaasje fan Frisia is in bedrach opnommen foar revitalisearing fan Spikerboor. It kolleezje tinkt dat de ferpleatsing fan Knol likegoed wol trochgean kin. It kolleezje sil neitinke oer de suggestje om noch in projektûntwikkeler yn te skeakeljen en sil ien kear yn it fearnsjier de fuortgong rapportearje oan de ried. Dizze oankeap liket it kolleezje net op kosten te gean fan de wentebou yn de lytse doarpen. Mefrou Dekker betanket de wethâlder foar de beäntwurding. It moat har fan it hert dat it net krekt is dat de VVD mei bedragen komt, wylst der in fertroulike behanneling ófpraten wie. Har fraksje stipet it amendemint fan de hear Janse net om't der gjin jild beskikber steld wurde kin dat der noch net is. Sy hat dochs soargen oer de antennes, dat kin noch wolris in hiele toulûkerij wurde. Har fraksje is der net foar in projektûntwikkeler yn te skeakeljen. Har fraksje kin ynstimme mei de trije punten út it útstel. De hear Janse seit dat fertroulike stikken dy't breedút foar eltsenien op besjen lizze net mear fer- troulik binne. De foarsitter seit dat dat op himsels krekt is. Dêrom hat hy ek net yngrepen yn de diskusje. In lid fan de ried hat inkelfâldich net it rjocht om eat dat fertroulik is iepenbier te meitsjen. De hear Janse seit dat it syn fraksje fral giet om it tekoart dat ûntstiet en dat noch net dutsen is. Dêrom hat hy ek it amendemint yntsjinne. Hy tinkt dat der al hiel kreatyf nei de opbringste- en kostenkant sjoen is. Hy freget oft de opbringst út de revitalisearing en Friestins al dúdlik is. De hear De Jong seit dat syn fraksje it amendemint fan de FNP net stipet. Hy freget it kolleezje dat ek Pleatslik Belang by it oerlis mei de omwenners belutsen wurdt. De hear Bouma makket eksukes foar it feit dat hy blykber gegevens op tafel lein hat dêr't it eins net mocht. It giet neffens him wol om iepenbiere gegevens, dy't ek yn it jierferslach oer 2002 stean sille. Syn fraksje wol witte hoe't it tekoart aanst dutsen wurde sil. Syn fraksje fynt dat Al- Side 5 Document3/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 28