deboarn rjocht hat op dúdlikheid oangeande de mooglikheden fan wentebou wat de ferpleatsing fan Knol oanbelanget. Wethâlder Bouma seit dat der al in protte útlis jûn is. De antennes is in saak tusken UTD en de provider. De gemeente keapet UTD net earder dan dat dat ta in útdragene saak kommen is. It te- koart sil pas echt definityf dúdlik wêze as it plan definityf is. It kolleezje hat net it gefoel dat Knol op slot stiet. Dêr sil altiten útkommen wurde. De riedskommisje sil yn kear yn it feamsjier op 'e hichte hâlden wurde. De foarsitter seit dat hy konstatearret dat it amendemint fan de FNP mei 16 stimmen tsjin fersmi- ten is. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De hear Janse wurdt achte tsjinstimd te hawwen. Stimferklearing: De hear Janse seit dat hy tsjinstimt om't de ferpleatsing fan Knol opskood wurdt en it kostet foar de rest dat út oare saken weihelle wurde moat. 8. Utstel ta fêststellen fan it Ekonomysk Belied Boarnsterhim 2002-2006. De hear Janse seit dat dit in goed opsetten plan is. Mar de útwurking kin noch better. Der is te min omtinken foar de lytse doarpen. Op de ynspraakjûn yn Grou oer de struktuerfisy is dúdlik wurden dat Grou gjin ferlet hat fan in bedriuweterrein oer it spoar. Hy tsjinnet amendeminten yn mei de folgjende tekst: "Bepaal dat by de aksjepunten 4.1.3.6.1 en 4.1.3.7.1 lytsskalige be- driuwsterreinen Wergea/Warten en Sibrandabuorren ek in bydrage fan de gemeente komt lykas by in tal oare bedriuweterreinen. Reden: As de gemeente net byspringe kin sawol finansjeel as by it ûntwikkeljen bestiet der grutte kâns dat de bedriuwen út de lytse doarpen ferdwine." "Lit ak- sjepunt 4.1.3.1.4. planûntwikkeling bedriuweterrein Grou-West ferfalle. Reden: De ynwenners fan Grou ha by de ynteraktive ynspraak op de "Struktuerfisy Grou" oanjûn dat Grou net oer it spoar moat, noch mei wentebou noch mei ynsdustryterrein. No kosten meitsje is weismiten jild". De hear Zijlstra betanket it kolleezje foar dit keurich útwurke útstel. Syn fraksje freget it kolleezje ek foar oare lytse doarpen as Sibrandabuorren en Aldeboarn mooglikheden foar lytsskalige be- driuwichheid ta te stean. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie dit een degelijk beleidsplan vindt. Eén puntje van kritiek. Bij de Oedsmawei Grou mist hij de doorsteek naar het huidige bedrijventerrein. Hij kan zich voorstel len dat er meer pro-actief naar die bedrijven was gereageerd. Wethâlder Bouma betanket de ried foar de wurdearjende wurden. Oangeande de mooglikheden foar de lytse doarpen hat it kolleezje oanjûn der der wer in mooglikheid komme moatte soe om it wurkgelegenheidsfûns wer oan te foljen. Dat is wat oars as subsydzje jaan oan bedriuwen. As bedriuwen ferpleatst wurde fanwegen bygelyks it miljeu dan sil besocht wurde dêr subsydzje foar te krijen. Dêr is gjin ferskil tusken de gruttere en de lytse doarpen. De grûnpriis moat dan lykwols net folie leger wêze as de priis op de besteande bedriuwsterreinen. Der stiet dat de helberheid fan Grou-West ûndersocht wurde moat yn de perioade 2002-2005. Grou is wol it iennichste doarp yn ús gemeente dat in regionaal sintrum is en dat grûn op foarried hawwe mei. It kolleezje stipet dêrom it amendemint fan de hear Janse net. As foarbyld fan lytse doarpen binne yn it plan Sibrandabuorren en Aldeboarn neamd en in kombinaasje fan Wergea/Warten. It stiet yn prinsipe iepen foar de lytse doarpen, mar dan wol nei de aard en skaal fan it doarp. Untwikkelingen fan bedriuwen op de Oedsmawei hawwe in rol spile en der binne ek petearen mei dy bedriuwen. De hear Janse seit dat it him om de mooglikheid foar de lytse doarpen giet. Dat is tasein, dêrom is syn amendemint ynlutsen. As it kolleezje tasizze kin dat der net earder mei it helberheidûnder- Side 6 Document3/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2002 | | pagina 29